Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Myn broer Brucht siet by syn frou yn 'e hûs. Se wennen doe noch oan 'e Bethlehemsreed, hjir flak by. 't Wie noch ier yn 'e moarn. Doe sei er tsjin syn frou: "Hjir komme aenst mannen mei glêdde petten op. 't Lykje wol plysjes." Dyselde moarns, om healwei tsienen stie it hûs fan achteren yn 'e brân. Doe kommen de brandspuitmannen delsetten. Dat wienen de...
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
Myn suster wenne yn Deventer. Hja wenne dêr allinne. Hja waerd siik en kom doe 3 wiken by myn dochter to opknappen. Myn dochter wennet hjir. Doe't hja wer hast klear like to wêzen, gong se wer nei Deventer werom.
Doe sei myn broer Brucht tsjin my: "Dy leeft net lang mear." In pear wiken letter wie se dea. Brucht hie har bigraffenis fan tofoaren sjoen.
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
Boelenslaan
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
Doe't ik in jonge wie wennen wy op 'e Bulten yn 'e Harkema. Op in kear wie 'k mei mem bûtendoar, doe sei mem: "Sjoch, Piter Schievink syn hok stiet yn 'e brân." Ik seach it like dúdlik as mem. Mar it wie sa net.
Trije wiken letter brânde it op.
Froeger sieten wy yn skimerjoun faek by mem en dy ta de glêzen út to sjen. Dan wienen der soms wylde lantearnen oer de heide. Sy sweefden boppe de tiene-bosk en oer de Feanster wyk. It ljocht gong tusken de beammen fan 't bosk hinne en wer. Dêr't it stean bleau, dêr kom in hûs to stean, seinen se.
Doe't heit noch in jonge wie hat er mei Wopke fan Kûkherne mastere. Syn healbroer gong foar heit nei Wopke ta. Wopke sei: "Ik sil jo guod mei jaen, mar jo matte it goed bistopje, hwant der kin ûnderweis wolris hwat oankomme." Mar heit syn healbroer hâldde hyltyd de hân op it drankje. Underweis kom der hwat oan, dat sprong by him op. Dat hie mei de poaten...
Boelenslaan
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
As jonkje moest ik op in moarntiid de molkbus nei de wei bringe. 't Wie droech en moudich. Doe seach ik in stik of hwat rounten yn 't sân op 'e reed. 't Wienen de printen fan hoefizers. "Kofjedrinke!" rôp heit, mar ik sei: "Sjoch, hjir hat in hynder west." "Ja," sei heit, "it binne dúdlike spoaren. Mar hoe kin soks?" De hjerstmis ha wy in kedde kocht op...
Boelenslaan
Myn heit fortelde, dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren. heit seach it, by de bifalling. Heit die him der gau ôf. Hy loek him nei ûnderen ta. Hy hat him forbrând. Dokters knoffelen de helms froeger faek achterút. Dan forkochten se dy oan ofsieren yn 't leger. Wurdt de helm by 't ôfnimmen omheechlutsen,...
Boelenslaan
Der wienen bern, dy woarden mei de helm geboaren. As dy helm omleech lutsen woarde, mei de geboarte, dan moesten dy bern alles sjen. Lutsen se de helm omheech, dan net.
more ...
Boelenslaan
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema. De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle. Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
Us Hinke kom us op in kear mei in dochter fan Bouke Poppinga thús fan it dânsjen yn Drachten. Sy fytsten oer de Houtigehage en Boelensloane. Doe moest Hinke allinnich de fjouwer Roeden noch del. 't Wie yn 'e winter en der lei snie. Hinke wie goed twintich jier. Doe't se al tichte by ús hûs wie, seach se ynienen twa bigraffenismannen foar har op. Sy seagen...
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan...
