Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
14 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Nijega
Foarboaden fan'e dea: a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade. b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief. c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea. d. As der ûle ropt. e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen. f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
De tram oer de Sumarreheide ha wy allegear fan tofoaren sjoen.
Wy seagen de ljochten fan 'e tram fan tofoaren al, foar dat de tram der wie. It gong de Hearrewei del en dan skean de heide oer. Wy seinen dan: "Der giet ek noch in ljocht skean de heide oer op Burgum yn." Letter wie it de tram dy't dêr lâns ried.
Wy seagen ljochtsjes by de reed fan 'e Wierren lâns. Mar der wenne doe noch net ien. Letter kommen dêr hûzen to stean en doe fytsten der jouns wol us guon lâns mei lantearnen oan 'e fyts. Dat ha dy ljochtsjes west.
Pake siet op Nigaster Hoek yn de herberg. Der komt noch ien yn.. dy wie hielendal fan de wize. "Ik wie sapas yn 'e Pein," sei hy. "En hwat seach ik dêr? In brêge oer in kanaal en allegearre skippen. En der kaem in rigele weinen oan riden. En der wienen net iens hynders foar." In skoft letter is dêr wier in kanael groeven, wer in bulte skippen troch...
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
As in minske droomt oer bargen of biggen krijt er mei plysjes to meitsjen, sa wurdt der altyd sein. Ik ha 't in kear bileefd. Doe droomde ik yn 'e neinacht, dat der roannen allegear biggen om my hinne. Dyselde deis ha 'k oan twakear ta mei de marechaussees en de plysjes to dwaen hawn.
Sjocht men in fjûrbol oan 'e loft dan wol dat sizze dat der oarloch komt. Reade streken oan 'e loft bitsjut ek oarloch.
Dwaelljochtsjes, dat is ek foartsjirmerije. Op in snein-to-joun kom myn folk de Geriperwei del. Dat is wol 70 jier lyn. Doe seagen se dêr allegear ljochtsjes. Ek reade, lyk as nou de achterljochtsjes fan fytsen en auto's ensa. Dy ljochten ha se doe allegear fan tofoaren sjoen.
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.