Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8 datasets found
Dutch Keywords: voorspelling Organizations: Meertens Institute Place of Narration: De Westereen
By de Twizeler wei seagen se froeger faek ljochten. Dat neamden se wylde lantearnen. Se wolle wol ha dat dat de lettere fytsljochten wienen.
It wie hjir froeger allegear foartsjirmerij. Oeral hearden se fan to foaren timmerjen op plakken dêr't letter huzen kamen to stean en it gebeurde ek wol dat se seinen: dat of dat hûs mat nochris opbarne. Wy ha 't al barnen sjoen.
Yn 'e Westerein wenne in meester. 't Wie yn 'e winter en hy sei: "Ik wol even in eintsje ride op redens." Mar hy is by de Kûkhernster brêge fordronken. De minsken hienen dêr fan tofoaren al gejammer heard. It lei dêr by de brêge iepen.
Wy ha hjir neist wenne. Doe ha se ris sein: "Hjir gebeurt nochris hwat." Se hearden in lûd, dat wie krekt as foelen der bynten del. En tagelyk seagen se in read ljocht yn 'e glêzen fan 'e skuorre. "'t Sil in kear opbrânne", seinen se. Mar 't is noch net gebeurd.
Ik hear by de 'Heiligen der laatste dagen'. Wy wennen yn in hûs, dêr siet gâns rûmte yn. Dêr hat in winkel yn west. Op in nacht sei 'k tsjin ús mem: "Mat mem ris hearre, sa moai binne se oan 't sjongen." It wie flakby. Sahwat twa jier letter waerden der yn 'e keamer fan ús hûs byienkomsten hâlden fan 'e 'Heiligen der laatste dagen'. By dy byienkomsten...
As in houn spûkgûlt, dan komt dêr yn dy buert in sterfgefal. In hopen minsken hjir leauwe dat nòch.
In swarte spegel hienen jy froeger op 'e merken. Dêr koe men de takomst yn sjen. Ik hearde sizzen fan in man - dat wie Knjillis, ik haw him tige skoan kend - dy gong ek nei de swarte spegel ta. "Ik wol wite hwatfoar wiif ik krij", sei er. Doe't er dan yn 'e spegel seach, seach er in frommes. En dat wie werkelik Marij, dêr't er letter mei troud is. It wie...
Alde Thomas Clare wie kaertlizter. Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen. Mar ik koe alles hearre. "Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy." "Nòch ien, dy wol der tusken." "D_ is wòl fortroud, d_ nèt." "Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts." Hja krigen beide in poppe.