Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Myn skoanmem kaem ris op in kear rinnendewei fan 't Surhústerfean. Hja moest werom nei de Skieding ta. Doe skatteren der hyltyd eksters om har hinne. Hja tocht: dit bitsjut hwat. Der is thús grif hwat to rêdden.
Doe bigoun se hurder to rinnen. Doe hienen de jonges it bêd yn 'e brân stutsen.
IJe Wykstra fan Lúxwâld de biruchte moardner, hearde wit hoe faek dingen fan tofoaren, dy't letter gebeurden.
Dat wie tsjirmerije.
Boelenslaan
Myn broer Brucht siet by syn frou yn 'e hûs. Se wennen doe noch oan 'e Bethlehemsreed, hjir flak by. 't Wie noch ier yn 'e moarn. Doe sei er tsjin syn frou: "Hjir komme aenst mannen mei glêdde petten op. 't Lykje wol plysjes." Dyselde moarns, om healwei tsienen stie it hûs fan achteren yn 'e brân. Doe kommen de brandspuitmannen delsetten. Dat wienen de...
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
Wy seagen hjir froeger faek wylde lantearnen. Dat bitsjutte hwat, mar hwat it krekt bitsjutte wisten wy net.
Myn suster wenne yn Deventer. Hja wenne dêr allinne. Hja waerd siik en kom doe 3 wiken by myn dochter to opknappen. Myn dochter wennet hjir. Doe't hja wer hast klear like to wêzen, gong se wer nei Deventer werom.
Doe sei myn broer Brucht tsjin my: "Dy leeft net lang mear." In pear wiken letter wie se dea. Brucht hie har bigraffenis fan tofoaren sjoen.
As der ekstergeskatter om 'e doar is bitsjut dat meastal in deade. As de hounen spûkgûle, komt der ek in lyk.
Boelenslaan
Us mem fortelde faek dat it ris ergens gebeurd wie dat guon in stem heard hienen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Even letter wie dêr ien fordronken.
Boelenslaan
Wy mochten fan ús âlden jouns noait midden op 'e wei lâns rinne. Dat dienen wy ek noait, hwant dan koe 't samar gebeure dat wy tsjin in lykstaesje oprounen.
Boelenslaan
Skatterje eksters ticht by hûs, dan komt der in sterfgefal op 'e buert of yn eigen húshâlding.
Boelenslaan
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel. Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del....
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
As jo fan snoek drome dan komt der èk in deaden. Hwat moaijer de fisk is, hwat tichter de deade yn 'e famylje is.
As jo drome fan in slange, dan geane jo mei falske minsken om.
Boelenslaan
As jo fan in hynder drome, dan komt der in deaden. Ik lei op in kear op bêd. 't Wie midden yn 'e nacht. Ik hearde de hynders dúdlik rinnen. En ik seach se klear foar my. Ik seach se foar de doar lâns gean. Ik tocht: nou komt der hwat.
De oare wyks stoar it jonkje fan ús Piter. De hynders dy't ik sjoen en heard hie, wienen de hynders fan 'e lykkoets.
Trape men op in kikkert of in pod, dan krige men tonger, woarde der froeger sein.
Ik wie in jonkje fan sa'n fjouwer jier. Ik gong noch net net skoalle. Heit wie faek yn Dútslân oan 't wurk. Dan slepte ik by ús mem yn 'e lege weech. Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe seach ik in pear keardels by ús yn 'e hûs, dy setten in bakje yn 'e hoeke del. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst net út bêd. Letter stoar der ien fan myn...
Doe't ik in jonge wie wennen wy op 'e Bulten yn 'e Harkema. Op in kear wie 'k mei mem bûtendoar, doe sei mem: "Sjoch, Piter Schievink syn hok stiet yn 'e brân." Ik seach it like dúdlik as mem. Mar it wie sa net.
Trije wiken letter brânde it op.
It gebeurde by de boeren wol gauris dat yn 'e nacht samar fansels de tsjerne bigong to draeijen en ek de winen draeiden soms samar yn 'e nacht. (de winen dêr moest it sied troch skifte wurde) Dit wie foartsjirmerij. De oare deis soe 't dan wer op in tsjernjen en wynjen gean.
Boelenslaan
