Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
Eastermar
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie.
Hoe giet it? frege heit.
It komt net goed.
Ei, dat falt wol hwat ta, net?
Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven."
Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta. Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben? Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed. Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my...
Us mem en heit ha wol forteld, op in nacht hearden se hiel dúdlik hammers klopjen tsjin planken oan. Mem sei: Hwat is dat? It kom net botte fier wei, njonken 'e doar. Heit gong der út om to sjen, mar hy koe neat gewaer wurde. De oare moarns woarden yn it kampke lân njonken ús kij litten. Mar earst woarde der in hekke yn elkoar timmere. Doe hearden se...
It wie yn 'e simmer en fier foar myn tiid. Doe foeren der skippers oer de Galle by Grou. Dy kommen fan Ljouwert. Sy seagen samar ynienen in baen mei ridersfolk. It wienen dûbelde banen. Alle minsken dy't op en by de banen wienen sakken troch it iis hinne en forsûpten. It wie in allerfreeslikst gejammer. Letter wienen de minsken fan Grou altyd skruten om...
Nijega
To Aldegea wenne in boer, dy hiet fan Harmsma. Hy helle hea fan 'e Headammen mei syn beide arbeiders. Dat wienen Foppe en Alle. Dat hea woarde op in pream laden en dêr farden se mei nei Aldegea ta. De nachts slepten de boer en de arbeiders yn 't hea op 'e pream. Mar de boer koe net yn 'e sliep komme. Hy seach dy nachts klear dat der allerhande folk oer de...
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har. Is der ek hwat nijs? frege der. Né, ik soe 't net wite, sei Antsje. Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei: Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
Nijega
Sjocht men in fjûrbol oan 'e loft dan wol dat sizze dat der oarloch komt. Reade streken oan 'e loft bitsjut ek oarloch.
Dwaelljochtsjes, dat is ek foartsjirmerije. Op in snein-to-joun kom myn folk de Geriperwei del. Dat is wol 70 jier lyn. Doe seagen se dêr allegear ljochtsjes. Ek reade, lyk as nou de achterljochtsjes fan fytsen en auto's ensa. Dy ljochten ha se doe allegear fan tofoaren sjoen.
Nijega
Froeger leinen de lytse bern yn in reiden widze. Dêr siet in tou oan fêst, dêr't de widze mei roeike woarde. Dy't der mei widze die der gauris in knoop yn. Safolle knopen as der yn dat widzetou sieten, safolle bern krigen de âlden.
As der in ekster by hûs komt (swart mei wyt) komt der in roubrief. De ekster is de foarboade op it hiem.
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
Nijega
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
Tusken Harkema en Surhústerfean by de feart, sahwat by Buma, ha se trije kear 'Help!' roppen heard. Mar dêr wie net in minske to sjen. Letter is dêr de frou fan Marten Veenstra yn 'e feart rekke. Dat wie sahwat sawn, acht wiken letter. Dy is dêr doe forsûpt. Dat minske hat doe ek om help roppen.
Twijzelerheide
