Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
12 datasets found
Dutch Keywords: vogel Place of Narration: Harkema
Yn Kampen hie de burgemeester in moaije kanarje. Op in kear, doe't de faem de kouwe skjin makke fleach de kanarje ta de doar út, dy't krekt iepen gong. Doe't de burgemeester dat gewaer woarde sei er: "Gau de flapbrêge omheech!" Dan koenen se de kanarje keare, tocht er. Mar de kanarje fleach oer de flapbrêge hinne en de burgemeester hat it dierke net wer...
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden. Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest. Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster. Ik sei: O heden, der is hwat thús. Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
As in bern lêst hat fan termynsetten dan mat men in levende dou iepensnije en dan fuort om 'e fuotsjes fan it bern hinne dwaen.
As pake Ruerd (van der Veen) lulk wie, dan liet er de roeken fleane.
Us jonges (myn bruorren) hienen us in pear fûgeltsjes yn in stove op 'e kachel, dan bleauwen de dierkes yn 'e waermte. Doe kom âlde Hindrik-om deryn. Hy sei: "As de fûgeltsjes great binne, dan mat ik der ien fan ha." Mar doe't er fuort gong wie, wienen de fûgeltsjes even letter dea. Hy hie de kweade hân. (bynamme: Hindrik Pyk)
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok. As de eksters skatteren ek. As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert. As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden. As it wicht fan 'e klok foel ek.
Botte Noordmans fan Surhústerfean gong us by 't tsjerkhôf lâns by nacht. Doe sei er: "Tussen twaalf en een is alles op de been." Doe gong er him in greate fûgel achternei. Hy roan sa hurd er koe nei hûs ta. De fûgel gong op 't hûs sitten. 't Hiele hûs skodde as wie 't in ierdbeving.
Teltsje fan de man dy't net lige woe. Ik wol net lige. Ik woe nei in eksternêst ta yn in hege beam. Ik hie twa dagen oan 't klimmen west, doe kom ik foar in hôfdounêst. Der haw ik hwat ierpels opbret en dêr haw ik de nachts yn slept. De oare moarns, doe't ik wekker woarde, moest ik wer hegerop, om by 't eksternêst to kommen. Ik moest noch oardel dei...
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.
As in ekster ticht by hûs skattert, dan komt der yn dat hûs in deaden.
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om. It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud. Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem. Der stie in gedaente achter de...
Yn it sterfhûs docht men in doek oer de spegel hinne, hwant oars rint de spegel mei triennen. De spegel treurt, moat jy wite, en dan is de spegel wei. De kouwe mei de fûgel mat út 'e keamer wei, oars gûlt de fûgel him dea.
12