Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search















Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
Yn Kampen hie de burgemeester in moaije kanarje. Op in kear, doe't de faem de kouwe skjin makke fleach de kanarje ta de doar út, dy't krekt iepen gong. Doe't de burgemeester dat gewaer woarde sei er: "Gau de flapbrêge omheech!" Dan koenen se de kanarje keare, tocht er. Mar de kanarje fleach oer de flapbrêge hinne en de burgemeester hat it dierke net wer...
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen."
Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta.
Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
As pake Ruerd (van der Veen) lulk wie, dan liet er de roeken fleane.
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.
Op in kear siet Hindrik Pyk (= H. Ophuis) op 'e Oenseheide by de Krúswei yn in boskje, mei it himd út. Hy fangde himsels de luzen ôf. Syn bern founen him dêr tafallich. Dy roannen hurd nei hûs ta en rôppen: "Mem, mem, heit sit yn 't boskje op 'e Oense-heide to luzefangen!" Mar hwat wie 't gefal? Hindrik Pyk siet moai yn syn hoekje thús by de tafel. Hy hie...