Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
De doomny út 'e Koaten stie op in snein op 'e preekstoel. Wylst seach er in fisker, dy't oan 't fiskjen wie.
Doomny mocht sels o sa graech fiskje, dat syn gedachten wienen hyltyd by de angel fan 'e fisker, en sa nou en dan seach er dy kant út.
De fisker krige byt en helle op.
Doomny wie sa bot fordjippe yn 'e fiskerij, dat hy rôp: "Waarachtig een karper!"
Mannetje Tinderlanteen en de frou Isebel wennen ûnder in pispot. It mantsje giet to fiskjen en hy fangt in prachtich moai gouden fiskje, en dat fiskje sjocht him sa oan en smeekt him, dat it wol sa graech wer yn 't wetter, dat hy krijt meilijen en smyt it der wer yn. It fiskje komt wer boven en seit: "As dank meije jo trije winsken dwaen." Mannetje...
Yn Suwâld, dêr sieten in pear opsketten jonges to fiskjen. Doe kom doomny dêr lâns fytsen. Hy sei: "Kunnen jullie mij de weg naar Leeuwarden ook zeggen?" "Och, bliksem," sei de iene, "'k hie krekt byt." "Foei, foei," sei doomny, "zo kom je niet in de hemel!" Doe sei ien fan 'e jonges tsjin him: "Dû wytst de wei nei Ljouwert net iens. Hoe soest de wei nei...
Der leefden ergens minsken, dy wienen o sa rûch. Op in kear doe kom doomny by har. De mem wie mei de jonge thús. It âld minske seach doomny oankommen. "Jonge", sei se, "jow my gau de bibel. Hy leit op 'e kast." De jonge docht it. Doomny komt deryn. "Lêze jo?" freget er. "Ja, doomny," seit se, "ik mei graech in kapitteltsje oer 't goede lêze." "Mar jo ha...
Hoe't de swellesturt syn ynkeping krige hat It sweltsje stie op in kearby it wetter te drinken en dat seach in snoek. Dy snoek swom dêr om mei de honger yn 'e hals, want der wie gjin fiskje benei te kommen. Dan mar in fûgeltsje, tocht de snoek, der kaam him neat fan ûnpas. Hy skeat der op ta, mar doe hie de swel krekt it drinken dien. Hy draaide him om en...
