Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8 datasets found
Dutch Keywords: vergaderen Organizations: Meertens Institute Place of Narration: De Westereen
Tsjoensters foroaren har yn katten. Dy hâldden forgaderingen en psalmsongen dêr by. Joech men sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis skeel.
Katten forgaderje op 't lân. Dat binne dan de tsjoensters. Sy sjonge dêr yn 't lân psalmen.
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen." De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
Foar tsjoensters dienen se duveldrek ûnder 'e drompels. Wie der ien bitsjoend dan gongen se nei Wopke om in drankje. In tsjoenster foroare har samar yn in swarte kat. De katten forgaderen soms. Dêr psalmsongen se by.
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, dan forgaderen se soms. Dan raesden se sa bot, dat men it wit hoe fier hearre koe. Dêr wienen Minne Ael en Minne Brecht ek altyd by.
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne. Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet. In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea." 't Wie krekt as songen dy katten.
De katten forgaderen meielkoarren. Dat wienen de tsjoensters. Dan jankten se allegearre. Dat neamden se wol psalmsjongen. De tsjoensters moesten ien kear om 'e sawn jier ien deatsjoene. Dienen se 't net, dan gongen se der sels oan.