Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
11 datasets found
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Harkema
Alle Tet wie in tige bikende tsjoenster. Hja wenne hjir yn 'e Harkema op 'e Bulten. Op in kear brocht Tet in soadtsje apels by minsken. Dat wienen apels dy't duorje koenen. Dy minsken leinen de apels yn 't kammenet en seagen der in dei of hwat net nei om. Doe't se it kammenetslaed op in kear iepen makken, lei der net in apel mear yn, mar it laed siet fol...
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
Hwat in tsjoenster jin jowt, dat foroaret yn in pod.
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
In pod wie in tsjoenster. Tsjoensters leinen in fjûr oan fan stiennen.
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
In tsjoenster kin har foroarje yn in swarte kat. Dat is de boaze.
Wy kamen A. ris tsjin op it reedtsje. Hja sei: "Ik bin der fannacht wer op út west. Nei Spanje. Yn in wyn kelder. Bern, bern, it wier allegearre wyn. Hjir Wytske, hast in moaije appel fan my." It mocht net fan mem, mar W. naem de apel oan. Hja biet der net yn. Hja joech him oan mem en dy die him yn de feldskutter. In skoftsje letter ritselde der hwat yn...