Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10 datasets found
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Drachten
Yn Dútslân fortelden se, dat de tsjoensters yn 'e gedaente fan katten nou en dan in forgadering hâldden op in berch.
Woartels en spek. Der wie us in jonge, dy syn mem wie in earme widdou. Dêrom tsjinne er by de boer. Dêr krige dy jonge elke dei woartels foarset. 't Wie yn 'e winter. De jonge sei tsjin 'e boer: "Ik woe wol dat jo mei de frou oerleinen, dat wy ek us in stikje spek krigen ynpleats fan alle dagen woartels, boer." Mar de boer sei: "Hwat seistû dêr? Woartels?...
In tsjoenster foroare har wolris yn in kat. As katten forgaderen se wol. Dan songen se meimankoar. Sy rekken sa'n kat wolris. Dan wie der de oare deis in âld-wiif skeind. Dat wie de tsjoenster dan.
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
De duvel foroaret him soms yn in ekster. As ien hwat úthelle hat en hy komt thús, dan kin 't gebeure, dat der nachts in ekster op it hûs sit to skatterjen. Dat is dan de duvel.
Ik ha wolris heard dat ien in apel fan in tsjoenster krigen hie. Hy burch him op en doe't er him letter opite soe, hie 't in pod west. Ik sei froeger altyd tsjin ús bern: Tink derom, as in frou jim in apel jaen wol, net opite!
Tsjoensters foroarje har yn katten en as katten hâlde se wolris in forgadering. Sy fleane op biezemstokken troch de loft.
By in tsjoenster mat men neat opite. Dat foroaret yn in pod.
Ik wie feint. Ik kom fan Surhústerfean en moest nei de Boelensloane ta. 't Wie jountiid en tsjuster. Ik wie op 'e fyts en hie de carbidlampe oan. Mar dy brânde mei ien pit. Ik stapte ôf om der even nei to sjen. Dat wie yn 'e buert fan it Blauhûs. Wylst ik dêr sa stie, kom der in dame oanstappen. It wie in great, swart frommes. Sy gong lyk foar my stean en...
In tsjoenster foroaret in stik iten dat se in bern jowt samar yn in pod.