Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
Ien kear ha se Hearke ris oer de groun hawn. Dat wie it wurk fan Tseard van Dekken en Abe Nauta. Dy sprongen him beide ûnforhoeds fan achteren op 'e rêch en sa rekke Hearke ûnder fuotten, mar hy sei: "Jonges, dit is my ûntkom, mar dit gebeurt net wer."
Harkema
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har. Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf. Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
Sahwat om 1920 hinne foel der yn 'e Harkema by Fokke de Haan samar in fjûrbol út 'e loft. 't Wie tichte by de tsjerke op ljochtskyndei.
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok.
As de eksters skatteren ek.
As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert.
As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden.
As it wicht fan 'e klok foel ek.
It wie yn 1907. Wy wennen yn 'e Warmoldsstrjitte, hjir yn 'e Harkema. Mem en dy slepten yn 'e foarein fan 't hûs, mar sy hearde nachts timmerjen yn 'e achterein. Dat hearde se wol trije nachten achter elkoar. Mar der wie neat. Der woarde net timmere. Doe't se ècht oan 't timmerjen rekken, wie 't wol tsien wiken letter. Mar doe timmeren se oerdeis, mar net...
Teltsje fan de man dy't net lige woe. Ik wol net lige. Ik woe nei in eksternêst ta yn in hege beam. Ik hie twa dagen oan 't klimmen west, doe kom ik foar in hôfdounêst. Der haw ik hwat ierpels opbret en dêr haw ik de nachts yn slept. De oare moarns, doe't ik wekker woarde, moest ik wer hegerop, om by 't eksternêst to kommen. Ik moest noch oardel dei...
As ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er ek grif gau dea.
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
Op in kear lei 'k op bêd. Ik slepte en droomde tagelyk. Ik droomde, ik liet de wekker falle, en dat seach ik sa klear as wie 't de werkelikheit. Doe't it de oare moarns tiid wie om fan bêd ôf to gean soe ik de wekker fan 't taffeltsje krije en doe liet ik him falle.
De bern seinen: "Lit heit de wekker falle?"
Ik sei: "Ja, mar ik wist wol, dat er falle soe."