Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10 datasets found
Dutch Keywords: toveren Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Rottevalle
Us mem hat wolris forteld, dat der guon op in distânsje melke koenen. As de boer dan letter by de koe kom wie dy al molken.
Der wie in man, dat wie Tseard van Dekken. Dy koe de minsken samar stean litte. Der wie in frommes dat mocht er net lije. Hy sei: It is mei dy fan boven bont en fan ûnderen stront. En doe liet er har samar de rokken ôfglide. Doe stie hja dêr yn har sútrige ûnderguod.
Der wienen ek guon, fortelde ús mem, dy hienen in toverboek. Dêr koenen se soldaetsjes mei út 'e hurddobbe komme litte. Dy bigongen dan moai to marsjearen. Sa'n toverboek rekken se noait wer kwyt. As se 't kwyt woenen moesten se krekt deselde wurden brûke as dêr't se 't mei krige hienen. En dat wisten se meastal net mear. 't Koe net forbrând wurde en ek...
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje. Hja tsjoene krânsen yn 'e kessens fan 'e minsken dy't se bitsjoene. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme. De bern droegen duveldrek op it boarst.
Guon lieten soldaetsjes ta de hurdobbe út komme mei in toverboek.
Op Eastemarre hynstemerke hie Tseard van Dekken in greate bek tsjin Ymke de Jong. "Dû mast dy stil hâlde," sei Ymke tsjin Tseard, oars lit ik dy stean." Mar Tseard hâldde him net stil en doe hat er in hiel skoft stien.
Faek kamen der by de tsjoenster minsken mei kleantsjes fan har bern. Dy bern wienen dan siik en dat kaem, trochdat hja bitsjoend wienen. Dan krigen hja de rie, wetter oan de soad to bringen en dêr spjelden en nuddels yn to dwaen.
Fan mem J. en dochter L. waerd sein. dat se tsjoene koenen. De bruorren V., dy arbeidden by in boer yn Boppe Rottefalle, wienen op in moarn foar fjouweren ûnderweis nei de boer. Doe seagen hja J. en L. boppen de dauwe út troch de loft sweven. Har rokken swierden yn de rounte.
To Rottefalle barde it ek wol dat in bern bitsjoend wie. Dat foel dan op as sa 'n bern ûnhjirmlik bigoun to gûlen. Men snie dan it holkjessen iepen, en, ja man, dan siet der in krânse yn.