Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
8 datasets found
Dutch Keywords: toekomst Place of Narration: Harkema
Heit fortelde, op 'e merken hienen se froeger swarte spegels. Dy't yn sa'n spegel seach krige 't wiif to sjen, dêr't er letter mei trouwe soe.
Alde Thomas Klare fan Houtigehage koe de takomst forspelle. Sy die dat mei spylkaerten.
Heit koe ek kopkekike. Der kommen wolris jonge froulju by ús dy't de takomst wite woenen. Dat koe heit út it kofjedik sjen. Hy krige dêr twa dûbeltsjes of in kwartsje foar.
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.
Us beppe fortelde - en sy hie it wer fan har beppe - , dat op in dei wjerljochte en tongere it hiel bot. En doe kom der in greate fjûrbol oan 'e loft. En doe hie der in stim west, dy't sei: "Friesland zal het langst bestaan, maar Friesland zal het zwaarst vergaan." (opm. A.A.J.: nei alle gedachten in profesije út it boekje fan Intsje Jans)
Ik hie to jounpraten west. Ik gong in sânreed del. Doe stie der ynienen in hiele greate keardel foar my mei de strampels wiid fan elkoar. Ik roan dêr mei in bôge om hinne. Op itselde plak kom nei jierren in peal mei in strampel to stean foar 't elektrysk ljocht.
By de Feanster Nije Wei stiet in hûs, dêr't earder in âld hûs stien hat. Doe wenne Harm Wever der noch yn. Op in nacht gong it dêr op in smiten en dwaen mei balken en spanten en ek op in timmerjen. Heit en mem leinen op bêd. Sy wennen der njonken. Sy hearden it beide dúdlik. "Dêr komt in nij hûs", seinen se. En dat is ek gebeurd, mar even neitiid. It âlde...
Arjens Sjouk (Sjoukje Bonnema van der Tuin) sjocht ek alles foarút. Hja hat de hiele bigraffenis fan har eigen dochter fantofoaren waernom. Har Bearnom snútte him ûnderweis. En dat gebeurde ek krekt sa.
8