Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search














Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Der wie in pipejoad, dy wenne yn Amsterdam. Hy kom alle freden yn Ljouwert. Dan stie er mei in diske mei pipen op 'e merk. Dy joad wie 74 jier. Doe kom der ris in âld mantsje by him om in pipe. "Je bent ook al oud, ouwe baas", sei de joad tsjin him. "Ja," sei dat mantsje, "mei in pear dagen wurd ik 84." "Dat word ik ook, als ik gezond blijf", sei de joad....
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden.
Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest.
Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster.
Ik sei: O heden, der is hwat thús.
Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
Harkema
Us mem en dy ha in berntsje forlern, dat is forbrând. 't Wie op in tongersdei-to-joun. De wyks fan tofoaren kom heit op in joun thús. Doe tocht er: hwat hjir is to dwaen, wyt ik net.
't Wienen allegearre minsken en fytsen. - Mar der wie neat.
In wike letter hiene jy deselde sitewaesje. Mar doe wie 't echt. Heit sei: Ik wist hwat der gebeure soe.
Beppe hie in winkeltsje yn 'e Smoarhoeke fan 'e Harkema. Dêr kom altyd in koopman by har, dy joech har noait de hiele hân by 't bigroetsjen, mar altyd twa fingers. Dat wie in frijmitseler. 't Wie in koopman út Grins. In frijmitseler kin noait wer by syn binde wei. Docht er it al, dan meitsje se him dea. Om 'e sawn jier mat der in frijmitseler stjerre. It...
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje. Sy rounen njonken elkoar. Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear. "Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure." Mar ik leau net dat der oant diz...
Guon matte ris heard ha, dat der yn 'e Liuwepoel ris in kear roppen woarde: Help! Help! 't Hie in manljuslûd west.
Men wol ha dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
By Hepke en Pytsje binne yndertiid trije jonkjes forbrând.
't Wienen Alle, Albert en Ruerd. Pytsje wie krekt even om molke nei âlde Knjillis Fok. Wylst stutsen de bern it hea yn 'e brân. Sy binne alle trije sà yn 't kistje kom, sûnder deaklean.
Guon ha dy trije berntsjes letter omrinnen sjoen. Sy koenen de rêst net krije. It hûs stie tichte by de Singel.
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter:
"De tijd is er, maar de man is der nog niet."
Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
Oan 'e Mûzegroppe, ûnder Rottefalle is froeger ris in moard gebeurd. 't Wie Sytse Bates, dy hie syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels ek noch fan kant makke.
De bloedplakken woenen letter noait wer út 'e muorre en de flier wei.
Harkema
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
Harkema
As in doar net ticht bliuwe wol, dan is der op sa'n plak ien formoarde woarn. Dat hat ús mem wolris forteld.
Harkema
Der wenne ek in tsjoenster yn 'e Harkema dy gong der yn 'e nacht altyd op út. Dan bleau de man op bêd lizzen. As er dan om him hinne taestte, dan lei der in koepânse op bêd. As hy der mei in nuddel yn stutsen hie, hie hja dea west.
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe.
Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
As in houn spûkgûlt, komt der mei gauwens in deade op 'e buert. Ik ha 't sels meimakke.
Harkema
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
Dy't net stjerre kin hat in raer útein. Sy ha dan meastentiids hwat op har geweten dat se uterje matte. Sokken ha 't swier.
To Hurdegaryp hat in hekke west, dy stie nachts altiten iepen. Dêr hat yn dat slot dat der by stiet earen in hiel foarname hear wenne. Dy syn dochter hie forkearing mei in earme feint. Dy feint mocht se net ha. Mar hja bleau altyd op him wachtsjen. Elke nacht hie se de hekke iepen, krekt sa lang oant hja stoarn is. Oan 'e dea ta hat se op dy feint wachte....
Wibe Alma ^ fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren.
Dy moest alles sjen. As der hwat wie woarde hy der yn 'e nacht útkloppe. Dan mòest er datselde sjen. Hwat er dan seach fortelde er letter. Dan sei er, dy en dy giet èk dea. Dat kom altyd út.