Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
12 datasets found
Dutch Keywords: sterven Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Nijega
Foarboaden fan'e dea: a. Spûkgûlen fan in houn: binnen 3 dagen in deade. b. Ekster op it hiem (= in swart mei wyt - boade): in roubrief. c. Deatikkerke (soms yn 'e strikken fan 't earizerhuodtsje), ek in foarboade fan 'e dea. d. As der ûle ropt. e. Trije drippen bloed, dy 't út 'e noas fallen. f. As it hynder ûnderweis nei 't hôf ta mei de achterste poat...
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst. Mar de swel fleach ôf en oan. Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne. Dat is har straf.
By Waterloo ha se tige fochten. Dêr is in slach levere. In soad soldaten binne dêr sneuvele. It wie dêr allegearre bloed op it fjild. Letter ha se op dat slachfjild beantsjes forboud. Mar doe't se se út 'e pûlen hellen, sieten der op dy beantsjes allegear it beeld fan in soldaetsje. Dat wie fan 'e soldaten, dy't dêr sneuvele wienen. Sokke beantsjes hat...
Der wie in frou, dy har man siet yn 'e gefangenis. Sy woe him der o sa graech út ha. Sy gong nei de rjochter ta of har man ek frij mocht, mar dat krige se net gedaen. Har man mocht allinne de frijheit ha, as hja in riedsel opjaen koe, dat hja dêr op 't gerjocht net oplosse koenen. Doe tocht dy frou in skoftsje nei en doe sei se dit: Op Lely ga ik, Op Lely...
Lykstaasjes Op Sumarreheide wenne in frou, Antsje, dy seach foar. Doe wie der in jongkeardel, dy sei: 'No Antsje, is der ek wat nijs op 'e buert?' Se sei: 'Ja, der komt nijs. Dû en ik komme op 'e selde begraffenis. En moatst hjir mar om tinke—ast foar it gat fan 'e hage stieste, dan sil ik dy wol even taknikke'. No, doe waard er al in bytsje kjel. En it...
Der wie in bern stoarn mei in sulveren earmke. Ien helle dat sulveren earmke letter út it graef wei. Doe kom dat bern letter werom to spoekjen. It skriemde altyd en dan rôp it mei in kleijend lûd: Myn earmke! Myn earmke! Doe sei dyselde, dy't it earmke stellen hie: Mar hwer is dat earmke? Doe krige dat bern dyselde beet en hy sei mei in aeklige stim: Dat...
Op 'e Sumarreheide wenne Antsje. Dy wie mei de helm geboaren. Dat wist in elk wol. Op in kear makke har buorjonge in praetsje mei har. Is der ek hwat nijs? frege der. Né, ik soe 't net wite, sei Antsje. Komt der ek hwat nijs? frege de jonge doe. Antsje sei: Ast it dan dochs wite wolst, ja. Der komt in sterfgefal. En dêr komme dû en ik beide by op...
Der wie in man dy woe wite of it koe, dat wetter yn wyn foroare woarde. Hy hie wetter foar him stean. It wie krysttiid. To middernacht, om tolve ûre krige er antwurd: Heden is het water wijn, maar nu neemt het leven een eind. Doe't se by him kommen wie de man overleden.
As de deade moai is, dat mat men noait bigeare, hwant dan komt der wer ien to forstjerren yn 'e famylje. Dêrom is de deade bliid en moai.
Hwat men tidens de gong nei 't tsjerkhôf by in bigraffenis it earste tsjinkomt, dat sil it earst yn jins famylje stjerre. Komt men in man tsjin, dan stjert der yn jins famylje in man, is it in frou, dan in frou, is it in bern, dan in bern.
As der ien stoarn is en it lyk stiet in snein oer, dan is der gau wer in deade.
Op 'e Sumarreheide forskynde altomets in neaken berntsje by lju yn 'e groppe. In man, dy't dêr net wenne, seach it op in kear mei ljocht-moanne-waer. De heit hie it berntsje gjin bierklean jown, doe't it stoarn wie. Nou koe it berntsje de rêst net fine.