Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
By Boelensloane om, sahwat tusken it Blauhûs en de Boelensloane, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wie 't sizzen altyd.
Drachten
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
Drachten
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
Oan 'e Berchloane yn Drachten spoeke it. Alde Hindrik Stoarm gong der us op in joun lâns. Doe siet der in spoek op 'e bank oan 't jildtellen
Drachten
By in pleats op de Súderheide by Drachten stienen trije arbeidershúskes. It iene stie hwat apart. Dêr spûke it. De klokswichten bigongen nachts to slingerjen, yn it efterhûs seach min by nacht faek in wyt ding. It waerd altyd wei troch it bargelûkje as min dêr kaem. Wie min dan wer yn 'e hûs, dan gongen de doarren fan de skieppehokken los. Doe de...
