Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
9 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Rottevalle
Om 'e grouwe beam hinne oan 'e Bomkleasterwei dounsen froeger neakene berntsjes. Dy wienen dêr formoarde.
By de Krúswetters koenen de skippen noait fêstlizzen bliuwe. Dêr spûke de Lange Sleatterman, dy't de skippen yn 'e nacht losmakke en de ankers op it dek smiet.
Yn 'e omkriten fan Rottefalle hâldden froeger wite wiven ta.
In fôlle mei in pot om 'e hals spûke op twa plakken yn 'e Rottefalle: Op it eintsje fan 'e grifformearde tsjerke of oan 'e Lange Wyk ta en by 't bigjin fan 'e Rydloane. Op beide plakken wie in boskje. Dy fôlle die neat, mar dochs wienen guon der binaud foar.
To Hurdegaryp wie in homeije, dy stie altiten iepen. Dy koe net tichtbliuwe. Ik ha dy hekke noch noait ticht sjoen.
By ús yn Aldegea roan froeger nachts op 'e Heawei in fôlle mei in brijpot om.
Froeger farde de Feanster boat apart mei arbeiders út Feansterheide en de Harkema ensa nei Grins ta. Dy't op 'e klaei oan 't flaechsteppen en sichtsjen en wjudden wienen, slepten yn boereskuorren. Dêr wienen spûkskuorren tusken ha 'k wolris heard, dêr woarden de minsken fan 't iene plak nei 't oare smiten.
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
Oan it paed fan Boelensloane nei it Blauhûs wie op it lêste ein in hulzen hage. As ik en myn broer dêr lâns gongen wienen wy altyd deabinaud. Hwant dêr spoeke altyd in grouwe, swarte houn, seinen se. Dat wie in pleachbeest. Ik ha gelokkich noait hwat sjoen.