Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
20 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Twijzelerheide
Goaitsen - dy wennet hjir yn 'e buert - fortelde my ris, hy hie hjir ris hwat sjoen op dit lân hjir njonken. Hwat it wie koed er net sjen, mar it like nuver, sei er. Hy tocht: ik mat goed sjen of it sloft of as it sweeft. Sweeft it, dan doocht it net. "It sweefde", sei er. "Doe tocht ik: set sokken." En hy naeide út.
By de Skilige Piip op 'e Godloas Singel spûke de âlde hear.
Op 'e Nije Wei tusken Twizel en Twizelerheide roun in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Yn Grinslân hienen jy spûkskuorren. Dêr koenen jy nachts net wêze. Jy waerden fan 't plak smiten. De weinen rieden dêr samar út harsels oer 'e telle by nacht. De tsjerne bigoun út har sels.
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
To Hurdegaryp wie ergens in hekke, dy't de minsken net tichthâlde koenen.
Op it Formanjepaed tusken Damwâld en de Falom, dêr sweefden in pear neakene berntsjes om.
Tusken 'e ryksstrietwei en Twizelerheide spoeken wite juffers.
Ik ha wolris heard dat der op 'e klaei spûkskuorren binne. As men dêr yn sliept wurdt men fan 't iene plak nei 't oare smiten.
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten. It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard. As 't yn 't wyt is, is 't goed.
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
Hjir hat ien wenne, dy hat us in pleachbeest troffen op it Wyldpaed. It beest hie him hyltyd de tosken sjen litten en hy koe net fan it beest ôfkomme. Hy wie deabinaud.
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich. De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter. Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde. As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan. Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
De hekke fan dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong altyd fansels iepen. Dat wie spûkerij.
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie. De oare moarns wienen de deakleantsjes...
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
Yn Ulrum yn Grinslân is in tsjerkhôf, dêr gongen nachts de hekken altyd iepen. Yn 'e buert fan Ulrum wie in boereskuorre, dêr gongen de skuorredoarren nachts iepen. Se ha der wol twa skoattels op dien, mar de oare moarns wienen se wòl wer iepen.