Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
To Hurdegaryp stie in slot. As se de hekke fan 't hiem ticht dienen gong dy altyd fansels wer iepen.
Harkema
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean.
Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
To Hurdegaryp hat in hekke west, dy stie nachts altiten iepen. Dêr hat yn dat slot dat der by stiet earen in hiel foarname hear wenne. Dy syn dochter hie forkearing mei in earme feint. Dy feint mocht se net ha. Mar hja bleau altyd op him wachtsjen. Elke nacht hie se de hekke iepen, krekt sa lang oant hja stoarn is. Oan 'e dea ta hat se op dy feint wachte....
Frâns Rosier moest us op in kear sitte yn Ljouwert yn 'e gefangenis. De bewakers brochten him yn 'e cel. Hy moest dêr syn tiid útsitte. Doe gongen dy bewakers nei de direkteur ta. Mar Frâns Rosier hie yn in minimum fan tiid de doar fan syn cel iependraeid en doe stapte er de hearen deagewoan achternei. De direkteur sei: "Ik sil him sels opslute. Ik sil...
Ymke de Jong wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Doe krige er straf. Sy wienen doe noch net yn 'e kaserne, mar yn 'e âlde Kânslerije. Dêr stie op mei greate letters: Hier temt men leeuwen en beren. Op in nacht briek Ymke der út. De slotten hied er samar los. Hy kom bûten en skreau ûnder dy wurden: Maar Ymke de Jong niet.
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...