Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Op 'e Readskuorre stienen twa plaetsen njonken elkoar. Ien stiet der net mear, dy is ôfbrutsen. Dy plaets hat earst in skoftsje ûnbiwenne west. Doe stie it ark, lykas de ploege en de eiden en de weinen noch yn 'e skuorre. It wie op in joun, doe kom ik dêr mei in pear kameraden lâns. 't Wie yn myn feintetiid. Doe seagen wy dêr in lyts grien ljochtsje...
It gebeurde op in kear, doe sieten se yn 't hea. Doe bleau der in wein mei in foer hea tusken de kezinen fan 'e skuorredoarren by Bindert Japiks stykjen. Se koenen it foer net yn 'e skuorre krije. Doe kom Hearke der by. Hy sei: "Ik gean oan 't tiksel. As jimme nou by de fjilden stean geane. Binne jimme klear?" Hja dienen neat. Hearke luts de folle wein...
Op in kear hienen se sa'n grou foer hea, dat sy koenen it net troch de skuorredoarren ride. It bleau oan 'e kanten stykjen. Hearke soe it der mei de arbeiders yn lûke. Doe seinen de arbeiders tsjin elkoar: "Nou matte wy tsjinhâlde, dan kriget hy dat foer der noait troch." Sy hongen oan 'e fjilden. Mar it joech de mannen neat, al hoe bot se tsjinkearden....
Wy gongen froeger wol nei de Grinzer Klaei to wjudden. Dêr wienen skuorren dêr doogde it net. Dêr ried dan nachts wol in wein oer de telle. Dy ried samar fansels.
Wy soenen in nij hok ha fan 'e gemeente. De planken hienen wy al thús. In wike fan tofoaren, op in joun, doe't wy al op bêd leinen, sei 'k tsjin Piter: Hark, sa'n leven is dêr. Hearst it wol? Sy lûke de planken by de souder op. Piter hearde it ek dúdlik. Mar der gebeurde fansels neat. Mar krekt in wike letter wienen se drok mei it nije hok oan 'e gong. En...
It praet gong froeger yn 'e Harkema gauris dat ien sei: Ik ha dy en dy skuorre of dat en dat hûs brânnen sjoen. Dan brânde dat letter op. Dat wie foartsjirmerije. Mar ik leau dat it ek wolris net útkom.
Harkema
