Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wienen soldaten, dy bilegeren in stêd. Mar hja koenen der net yn komme, hwant de fijân hâldde de poarten stiif ticht. Doe wie der ien fan 'e soldaten, dy sei: "Ik wyt wol ried. As wy de stêd wer bisjitte," sei er tsjin 'e kommandant, "dan kom ik yn 'e stêd." Hwat hy to dwaen hie, doe't der wer sketten waerd gong hy op 'e kanonskûgel sitten en sa kaem...
Ergens stie in slot. De hear en de frou wienen útfanhûs. It personeel wie allinne mar thús en dy moesten op it slot passe. De fijân fan 'e slothear dy wist dat en tocht: nou matte wy ús slach slaen. Doe kaem dêr op it slot in man, dy hie in great pak op 'e rêch. Hy praette mei de faem en frege of dat pak dy nachts wol yn 't slot lizze mocht. De faem sei,...
Feitse Brands fortelde noch dat er sawn guozzen tagelyk sketten hie mei de laedstok.
Yn 't leger wienen guon kûgelfrij. Ik wyt noch wol dat se mei de boere-oarloch yn 'e skearwinkel op 'e Boelensloane fortelden dat der twa boeren wienen, dy wienen kûgelfrij. Altyd roannen dy twa foar it leger op. Dêr skeaten de Ingelsen altyd op, mar dat joech har neat, sy wienen net to reitsjen. Se wienen kûgelfrij. Dêrtroch liet de Ingelsman greate...
In tsjoenster foroare har wolris yn in kat. As katten forgaderen se wol. Dan songen se meimankoar.
Sy rekken sa'n kat wolris. Dan wie der de oare deis in âld-wiif skeind. Dat wie de tsjoenster dan.
Der wie in dochter fan in kaptein. Dy krige forkearing mei in gewoane soldaet, dy't op wacht stie. Dat gong in moai set troch, mar op in joun trof har heit har, wylst hja mei dy soldaet út gong. De oare moarns moest dy soldaet by de kaptein komme. Hy sei: "Hwat hellestû út mei myn dochter?" Doe sei de soldaet: "Dat doch ik net." "Hwat? Ik ha dy justerjoun...
Der binne guon, dy binne kûgelfrij. Ik haw in feint kend, dy skeaten se dwars troch 't lichum hinne. Der kom net in drip bloed út. Hy is noait opereard of hwat ek. Dy wie kûgelfrij. Frijmitselers binne èk kûgelfrij, sizze se. De frijmitselers fûstkje mei twa fingers. Sy geane achterstefoar yn 't gebou, dêr't se forgaderingen yn hâlde. Om 'e sawn jier...
Drachten
Hoe't de nammen Eastemar en Sumar ûntstien binne.
Der wie in jager, dy skeat in hazze.
Der kom in man oan, dy frege him: "Wol 't hwat?"
"Ja," sei de jager, "mar dit is de earste mar (Doe krige dat doarp de namme Eastemar).
"Jonge," sei dy man, "hoe hienen jo dat?"
"Och," sei de jager, "samar." Sa hat Sumar de namme krige.
