Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.
Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne âlde Wytse Kosak. Dy fortelde ris in kear wylst er op in pealtsje siet: Ik wie in kear oan 't kuijerjen. Doe roan der my in dier op 'e side. 't Wie in great dier en 't wie bûnt. Ik koe 't net to plak bringe. Mar 'k hie fuort yn 'e gaten dat it in pleachbeest wie. Ik hie in stikje roggenbrea by my, dat helle ik út 'e bûse en...
Drachten
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
Yn 't Westen fan Aldegea wienen inkelde lantearnen by de wei lâns. Dy joegen mar in bytsje ljocht. Op in joun let moest ik de kant út nei Earnewâld ta. Doe't ik by de earste lantearne wie, kom der my in houn op side. It wie in houn sa great as in keal en alhielendal swart. Ik woarde binaud. Hy roan stiif njonken my lâns. Doe't ik nei syn kop seach woarde...
Dêr op dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane roan altyd in swiere, swarte houn mei in ketting om. Sy neamden it wol in pleachbeest. Hast net ien doarst dêr by nacht lâns. Dat pleachbeest roan net hurd. It gong mei de minsken mei en dan wienen se deabinaud.
Drachten
Oan 'e feart fan Bakkefean nei Sigerswâld, dêr't in pomp ûnder 'e feart is, dêr doogde it net. Heit en dy farden dêr ris lâns, de kant nei Sigerswâld út. Doe seagen se op 'e wâl in dier rinnen, 't like op in greate swarte houn. Dat koenen se net goed sjen, hwant it wie skimerich. Dy houn bleau by 't skip lâns rinnen, oan Sigerswâld ta. Heit biwearde, dat...
Ik wenne yn 'e Grinzer Pein, myn kammeraed ek. Ik wie in raren, ik flokte altyd as in ketter en ik steurde der my net oan dat wy fyn wienen. Ik en myn kammeraet soenen nei Snits ta yn 'e haeijing. Wy gongen yn 'e nacht op stap. Doe't wy by De Kompenije wienen, sahwat oan Van Slooten ta, troffen wy in dier. Dat wie in pleachbeest. 't Wie op 'e Folgerster...
Ik wie in jonge fan sa'n fjirtsjin, fyftsjin jier. Ik foer by in ierappelskipper boppe Grins. Wy leveren oan 't fabryk 'de Woudbloem'. Wy farden mei 't skip yn 't Slochterdjip. 't Wie prachtich-moai waer, mar wy hienen yn 'e wyn. Ik moest lûke. De skipper dy trilke. (trilkje = een schuit of praam voortbewegen met een trilker. Een trilker is een...
Ik haw wolris heard dat in pleachbeest de minsken nachts soms nei hûs ta bringt. It sjocht der út as in grouwe swarte houn.
Ik wie feint. Ik kom fan Surhústerfean en moest nei de Boelensloane ta. 't Wie jountiid en tsjuster. Ik wie op 'e fyts en hie de carbidlampe oan. Mar dy brânde mei ien pit. Ik stapte ôf om der even nei to sjen. Dat wie yn 'e buert fan it Blauhûs. Wylst ik dêr sa stie, kom der in dame oanstappen. It wie in great, swart frommes. Sy gong lyk foar my stean en...
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy.
't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
Drachten
Heit hat wol us in pleachbeest sjoen. It wie in dier mei hiele greate earen, krekt as fan in ezel. In pleachbeest kearde de minsken. Dan koenen se der net troch. It klapte mei de earen.
Drachten
