Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
Harkema
Krijt men in apel fan in tsjoenster, dan mat men oppasse dat men him skylt. Dan kin der jin neat fan oerkomme.
Wie der in bern bitsjoend yn 'e Harkema, dan gongen se wol us nei de duvelbander. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne.
Hy joech se in drankje mei foar 't bern. Mar hy sei: Underweis foaral tige op 't drankje passe, hwant oars rekkest it kwyt. Dan gebeurde 't wol, dat de boom ûnder 't fleske weisakke. Krekt as wie hy der ûnder wei snien.
Harkema
Wy sieten jouns byelkoar. Praetten oer spûken, skynsels. It wie soms in hynder mei de kop oer de hikke. Of oer âlde minsken. Allegearre tsjoensters. Der wie wer ien bitsjoend. Dan nei in duvelbanner. Dan kryg je in flesse mei guod mei. It boadskip der by: "Goed oppasse. De flesse oan de kant hâlde. Foaral oan de katten tinke." As je net goed oppasten, dan...
Boelenslaan
