Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
13 datasets found
Dutch Keywords: open Place of Narration: Harkema
To Hurdegaryp stie in slot. As se de hekke fan 't hiem ticht dienen gong dy altyd fansels wer iepen.
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
Yn in skoalle yn Ruslân moesten de bern in opstel meitsje. Doe siet dêr in jonkje, dat makke in opstel oer de poes. Dy hie sawn jonge poeskes krige. Dy wienen allegear kommunist. Meester wie dêr tige mei op 't skik. In dei of hwat letter kaem dêr skoalbisite. Meester tocht: ik mat dy hearen ris hwat hearre litte. Hy sei tsjin 't jonkje: "Fortel dû ris fan...
As in doar net ticht bliuwe wol, dan is der op sa'n plak ien formoarde woarn. Dat hat ús mem wolris forteld.
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht. Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen. Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
To Hurdegaryp oan 'e rykswei stie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, stie er de oare moarns wer iepen.
Us hûs stie op 'e rûmte froeger. Der wennen gjin minsken njonken ús. Op in snein-to-joun hie ik nei de froulju ta west. Ik kaem de moarns om in ûre of trije, fjouwer thús. 't Wie yn 'e winter. Ik tochte: "Och heden, soenen ús heit en dy der nou al ôf wêze?" Hwant sa gong it dêr op in timmerjen. Ik sei dy deis: "Hjir komt in nij hûs." Doe sei heit:...
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
To Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd fansels wer iepen gong. Guon út 'e Harkema rieden destiids mei de hounekarre oer Hurdegaryp nei Ljouwert ta. Se stieken dan yn Hurdegaryp oan yn ''t Swaentsje', dan hienen de hounen even lins. Se sprieken ôf, ien foar ien soe de hekke ticht dwaen. Dat dienen se ek. As der ien yn ''t Swaentsje' kom, sei er tsjin syn...
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
Yn Hurdegaryp by Bennema-state wie froeger in hekke yn 'e homeije, dy gong altyd fansels wer iepen, as men him ticht dien hie. Ien hjir út 'e Harkema hat der ris in nacht by west. Sûnder dat er in persoan sjoen hat, wie de hekke, dy't sluten wie, doch wer iepen gong.
13