Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
7 datasets found
Dutch Keywords: oorsprong Place of Narration: Drachten
Der wienen twa reuzen, dy hienen 't o sa drok hawn togearre. Doe leunden se ergens yn in doarp tsjin 'e tsjerketoer oan. Mar dy toer bijoech him ûnder it swiere gewicht. De toer bruts. Doe krige dat doarp de namme Britsum. In skoft letter wienen dy reuzen wer warch. Dêr wie èk wer in toer, in mânsken-ien. Dêr gongen se tsjin oan stean. Dy toer bleau...
Ergens yn Fryslân lei ris in skipper mei syn skip. It bigoun to winterjen en 't waerd allegear iis. De skipper koe dêr net wer wei komme. Wiken en wiken lei er dêr. Doe sei er: "Ik liz hjir achttsjin wiken ta miner skea." Doe krige dat plak de namme Minnertsgea.
De ingel stie mei uitgetrokken zwaard foar Bileam. De ezel seach dy ingel wol, mar Bileam seach it net. En doe sloech Bileam de ezel om him foarút to krijen. Doe gong de ezel hinne en bigoun to praten. Hy sei tsjin Bileam: "Waarom slaat ge mij? Heb ik u niet trouw gediend?" En fan lulkens biet er yn 't reid. As jy nou de reiden bisjogge, dan stean dêr...
De reaskonk hat in read plak op it blêd. Doe't Jezus oan 't krús hinge foel it bloed fan syn holle yn drippen op it plantsje dat dêr onder groeide. Dat liet reade plakken nei op 'e blêdden. Dy sitte der noch altyd op. Dat plantsje, dat is de reaskonk.
Hoe't de nammen Eastemar en Sumar ûntstien binne. Der wie in jager, dy skeat in hazze. Der kom in man oan, dy frege him: "Wol 't hwat?" "Ja," sei de jager, "mar dit is de earste mar (Doe krige dat doarp de namme Eastemar). "Jonge," sei dy man, "hoe hienen jo dat?" "Och," sei de jager, "samar." Sa hat Sumar de namme krige.
Op Teade-hoekje ûnder Drachten, dêr hat in sekere Teade Wagenaar wenne. Dy ha se dêr deaslein. Dat is sà gebeurd: 't Wie op in tongersdei. 't Wie dy deis wykmerk to Drachten. Remmelt de Haan en syn soan Piter de Haan hienen earmoed mei Teade. Pake wenne der tichte by. Hy kom by harren om mei har fjouweren nei de merke ta. Mar sy gongen net mei. Doe gong...
Der wienen twa sterke keardels - reuzen - oan 't graven mei in farwetter. Sy lieten de lodde even rêste en seagen achterom. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "A - krom." Dat hearden guon en doe krige it plak, dat dêr lei de namme Akkrom.