Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
7 datasets found
Dutch Keywords: nacht Place of Narration: Rottevalle
Us heit - dat wie Hindrik de Graaf - en Bearn Kûper wienen der op in nacht mei de bijen op út. Doe gebeurde it dat se ûnder Eastemar hwat bileefden. It mat leau 'k op 'e Swarte Wei west ha. De hynders woarden ynienen bang. Se bigongen to steigerjen en gongen oan 'e kant, krekt as woarden se dêrhinne drukt. Doe ried har in wite sjeas foarby mei in wyt...
To Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Anne Tsyske hat dêr tichte by wenne. Dy hat my forteld, dy hekke gong alle nachten wer iepen, ek al hienen se der slotten en alles op.
Der woarde froeger altyd sein: Noait midden op 'e wei rinne by nacht. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
By Earnewâld spûke de lange Sleatterman. As dêr in skip oan 'e wâl lei woarden midden yn 'e nacht de spitten út 'e groun helle en op it dek smiten. Dan lei it skip los. Dat wie it wurk fan 'e lange Sleatterman.
In bulte minsken hienen nachts hwat op side sûnder dat se wisten hwat it wie. Ik ha faek fan dy forhalen heard. 't Woarde meastal yn forbân brocht mei de kweade.
In tsjernmoune lieten se jouns net yn 't wurk stean, hwant dan bigoun er de nachts út himsels to draeijen (wurkgeesten). Hy moest dus foar de nacht út it wurk nom wurde. Ek it spinnewiel moest foar de nacht út it wurk wei, oars waerd der yn 'e nacht spoun. Ek de brake mocht net yn 't wurk stean bliuwe, oars woarde der yn 'e nacht braekt. It wie ek sa mei...
Men mat noait midden op 'e wei rinne by nacht, hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oanstompe.