Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Heit en mem wienen ris togearre to jounpraten. Doe't se weromkamen, wie 't nacht. Doe kaem dêr in greate, grouwe, swarte houn njonken har, dy roan flak by har lâns. It duorre net sa lang. Us mem seach dy houn, mar heit seach him net. Doe't se tsjin heit sei: "Wy ha hjir in houn as in keal njonken ús", waerd er stadichoan wei. 't Gebeurde hjir yn...
Der wie in boer, dy forkocht in kou oan 'e slachter. Mar dy kou wie to djûr. De slachter hie der to folle foar bitelle. De slachter slachte de kou, mar doe sei er tsjin syn feint: "Wy matte dat jild wer ha. Sa net goedskiks dan kweaskiks." Doe gong er yn 'e nacht nei de boer ta mei syn feint. Hy hie sjitark meinaem. Mar dy boer hie hiel tafallich de jouns...
Twijzelerheide
Alle guod dat jo deis brûke jowt nachts leven, seit myn suster Hiltsje. Dat ha 'k sels by ûnderfining. Ik moest yn 't ledikant lizze, ik hie focht achter de longen. 't Wie hjir feest yn Twizelerheide. Kij wie dêr hinne. 't Wie tolwe ûre yn 'e nacht. Kij wie noch net thús. It rattele yn 'e hûs. Ik lei to harkjen. 't Wie yn 'e kooksbak. Dêr rattele de tange...
Der wie ûnder tsjinst in majoar, dy hie 18 soldaten ûnder syn bihear. Hy wie skatryk. Op in dei wie 't syn jierdei. Doe sei er tsjin 'e 18 soldaten: "Nou wol ik hjoed ris rejael wêze. Jimme meije allegearre in winsk dwaen." Der wie ien soldaet by, dy wie tige sleau. Hy seach der altyd skoarum út, der misten knopen fan syn unifoarm en al sokke dingen mear....
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant men kin dan oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
Twijzelerheide
Oan it Hillebrandtsloantsje, hjir flak by wie 't froeger net plús. Dêr doarsten de minsken by joun of by nacht net lâns. Oan 'e iene kant wie in dyk mei in beamwâl, oan 'e oare kant in sleat. Dêr hâldde by joun en by nacht in grouwe swarte houn ta. Dat wie in pleachbeest, De lju dy't der lâns moesten roannen altyd by de sleat lâns, net by de dyk, hwant...
Twijzelerheide
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten.
De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
Ik haw hjir yn Twizelerheide wol gauris by nacht timmerjen heard froeger. Dan sei 'k: "Der is wer foarspûkerije."
Dan koe men der mar wis fan op oan dat dêr letter in hûs kaem to stean.
Twijzelerheide
Yn 'e Falom, op 'e Breedte gebeurde 't faek, dat de tsjernmoune yn 'e nacht gong. Hja hearden it hynder klear yn 'e rounte gean. Dat wie foartjirmerij.
Yn Twizelerheide wennet in frommeske, dat is mei de helm geboaren. Nachts mat se der ôf. Dan wurdt der kloppe. Dan mat se wer hwat sjen.
Yn 'e stêd wenne baes Idzerda. Dy hie wol fiifentwintich feinten. Hy wie tige fyn, mar skynfrom. 't Wie in koekert. It folk neiride, dat koed er. Ik haw sels ek by him yn 't wurk west. Der wie ien feint, dy hie dêr al jierren west. Op in moarn doe kom dy feint hwat to let op 't wurk. De âlde Idzerda trof dat. "Jonge," sei er, "doe bist wat te laat." "Ja...
De dichter Joost van den Vondel moest nei Leiden ta. Hy wie to gean, mar doe kom der him in man achterop mei hynder en wein. Vondel tinkt: "Miskien kin 'k mei ride." Hy koe de boer wol, dy't op 'e wein siet. Dat wie net sa'n bêsten ien. Nachts dan forweide er syn beesten yn in oar syn lân. Dat wist Joast allegear wol. "Kin 'k ek mei ride?" frege er. De...
Tseard Veenstra syn frou Antsje (B65-168, 169) foel us in kear yn 't hokje mei 't gesicht op 'e baelders. Hja wie doe al widdou, har man Tseard wie overleden. Antsje har gesicht wie alhiel iepen, sa raer wie se delkaem. Yn 'e nacht op bêd waerd der tsjin har sein: Dû mast dyn gesicht waskje mei it lapke, dêr't se Tseard mei wosken ha, doe't er ôflein...
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach. Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k. "Hwerom net?" frege de boer. "It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
Twijzelerheide
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen." "Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
Twijzelerheide
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
Twijzelerheide
It is ek es bard, dat se wer to mudzjen wierne, doe hearden se midden op de Kloksheide yn 'e nacht timmerjen. En hja seagen in almachtig great byntwurk omheech stean. Femme sei tsjin Albert: "Dat wurdt gâns in pleats." Mar der wier neat fansels. In skoft letter is dêr in pleats set.
Der wierne froeger altiid minsken, dy 't nachts guon naeijen hearden. Dan sieten der tsjoensters yn 'e keamer to naeijen. De minsken doarsten de bêdsgerdinen dan faek net iens iepen to dwaen, om to sjen, hwat der wier. Mar hja tochten, dat er tsjoensters sieten to naeijen.
De minsken droegen froeger ûnderbroeken mei bânnen ûnder oan de broekspipen. Dêrmei knope min de broek ûnder de knibbels om de skonken hinne ticht. Nachts wierne se los. As der moarns knopen yn dy bannen sieten, hie de nachtmerje dat dien.
Twijzelerheide
Yn Ulrum yn Grinslân is in tsjerkhôf, dêr gongen nachts de hekken altyd iepen.
Yn 'e buert fan Ulrum wie in boereskuorre, dêr gongen de skuorredoarren nachts iepen. Se ha der wol twa skoattels op dien, mar de oare moarns wienen se wòl wer iepen.
Twijzelerheide
