Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8 datasets found
Dutch Keywords: moord Place of Narration: Rottevalle
Der binne ris twa âlde minsken yn Nyegea formoarde woarn. It wienen in heit en in soan dy't dat dien hienen. Dol hieten se (= Dalstra). Dyselde nacht ried pake mei de kroade de reden del nei Eastemar ta. Pake syn heit siet op 'e kroade, dy wie blyn. Se wienen op it Wytfean, doe sei de âld man: der komme guon de reden del. Mar it is slim, o sa slim. Der...
Om 'e grouwe beam hinne oan 'e Bomkleasterwei dounsen froeger neakene berntsjes. Dy wienen dêr formoarde.
Op 'e Mûzegroppewei hat lang in hûske stien mei bloedplakken yn 'e flier. Dêr wie ris in moard gebeurd. Dy bloedplakken woenen der net wer út.
Oan 'e Mûzegroppewei is ris in moard gebeurd. Sytse Batema formoarde syn dochter en sloech doe de hân oan himsels. Op 'e muorre kommen bloedplakken to sitten. Dy woenen der letter noait wer wei.
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
Bloedplakken, dy't ûntsteane by in moart krijt men net wer wei.
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke: Sytse Bates dy is gemien, dy hat syn dochter de hals útsnien. En doe wied er sa binaud, doe hat er himsels de kop ôfhoud.