Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Der wie in soldaet, dy frege de kaptein, of er wol nei hûs ta mocht fanwege gesinsformeardering. "Nou," sei de kaptein, "dat kin ik noait wegerje. Dû krijst trije dagen forlof." Doe't de trije dagen om wienen, doe kom de kaptein him tomjitte en frege him: "Hwer kin ik dy mei filisiteare? Mei in jonge of mei in famke?" "Ja," sei de soldaet tsjin 'e...
It kranksinnichgesticht wie oerbifolke. De direkteur hie biricht krigen fan in dokter, dat der moesten needsaeklik trije man opnaem wurde. Doe sei de direkteur fan dat kranksinnichgesticht tsjin ien fan syn ûndergeskikten: "Hoe matte wy hjir mei oan? Hwant wy binne al fol." Doe sei dy ûndergeskikte: "Der is miskien al in oplossing. Der binne hjir trije...
Drachten
Master lei op skoalle de bern út hoe't se dwaen moesten as se nei de w.c. ta woenen. Dan moesten se de finger opstekke en sizze: "Meester, mag ik naar de w.c.?" Mar as se yn 'e loop wienen, sei er, dan hoefden se de finger net op to stekken, dan koenen se der sà wol hinne gean. Doe wie dêr in famke, dat hie net rjocht bigrepen hwat meester sein hie. Hja...
Der wie in hiel tsjep fanke, men seach se hast noait sa moai. Der wienen ek trije feinten, dy hienen alle trije smucht op har. Elk fan dy feinten woe dat fanke bislist ha. Mar dat fanke hie hielendal gjin nocht oan dy feinten. Sy woe der graech ôf wêze, hwant sy hie der suver lêst fan. Hoe koe hja se kwyt wurde! Doe bitocht se in list. Hja soe alle trije...
Op in skoalreiske nei 't Amelân joech de master de bern rymkes op. Anny moest rime. Doe sei se: Utter de putter de pat, het water klotst tegen mijn gat. Doe wie Grytsje oan 'e beurt. Dy sei: Utter de putter de put, het water spat tegen mijn knie. Doe sei master: "Dat rymt net." "Né," sei Grytsje tsjin master, "mar dan matte jo wachtsje dat it wetter heger...
Der wie in jong steltsje, dat wie by de âlden yntroud. Dat jonge steltsje makke op in nacht op bêd in nûmerke. 't Fanke praette lûdop en sei: "Wy gean joun mei de sneltrein." Sa hurd gong it. De âld-man (har heit) hearde dy wurden en tocht: "Ik wol ek even." Hy sei tsjin 't wiif: "Sille wy dan nou mar mei de boemeltrein?" Doe sei de ynwennende soan, dy't...
Drachten
Rypke Atsma fan Eastemar moest in bern ha by de faem. Mar hy liet har mei it bern sitte. Doe is hja mei har bern yn 't wetter sprong en fordronken. Op 'e dei fan 'e bigraffenis woe Rypke de klok net lieden hearre. Hy soarge der foar dat er út 'e wyn wie. Mar krekt op 'e ûre, dat it lyk op it tsjerkhôf brocht woarde, draeide de wyn en klonk it lieden sa...
Drachten
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
Drachten
Thomas Clare wie kaertlizter. Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se. Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
Drachten
Der wie in faem, dy hie in berntsje krige. Hja hie der gjin man foar. Doe hat se dat bern foar de bargen smiten. Mar letter, as hja de bargen fuorje moest, dan forskynde dat bern altyd wer as geest. Dan lei it de hantsjes om 'e rânne fan 'e trôch hinne.
Drachten
Mem har âlden wennen to Bakkefean yn 'e Lange Jammer. Yn 'e tiid dat mem in famke wie gebeurde it faek let op 'e joun of yn 'e nacht, dat der turven fan 'e souder smiten woarden nei ûnderen ta. Gongen se der hinne om to sjen, dan wie der neat to rêdden. Pake sei dan: "Dêr komme de turven wer nei ûnderen ta." It gebeurde ek wol, dat der hielendal net iens...
De katechismusfragen
In dominy yn 'e Rotfalle joech fragelearen oan it jongfolk en doe hienen se dan de katechismus. Dominy frege oan ien fan 'e jongfammen: 'Wat is uw enige troost, beide in leven en in sterven?''No dominy', sei it fanke, 'dat is ús buormans soan Alle, en dêrom sil't maaie ek mar mei ús wêze'.