Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
It gebeurde op in kear dat in stik of hwat mannen in rest beammen kapten. Der wie ien hiele dikken by. Even letter wienen se oan 't skreppen om dy iene grouwe beam op 'e wein to krijen. Mar dat koenen se net rêdde. Doe kom Hearke der oan. Hy sei: "Lit my ek mar ris prebeare." Hy krige de beam en lei him op 'e wein. Pûr allinne. Mar de boom fan 'e klompen...
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
Us heit - dat wie Hindrik de Graaf - en Bearn Kûper wienen der op in nacht mei de bijen op út. Doe gebeurde it dat se ûnder Eastemar hwat bileefden. It mat leau 'k op 'e Swarte Wei west ha. De hynders woarden ynienen bang. Se bigongen to steigerjen en gongen oan 'e kant, krekt as woarden se dêrhinne drukt. Doe ried har in wite sjeas foarby mei in wyt...
Der wie in man, dat wie Tseard van Dekken. Dy koe de minsken samar stean litte. Der wie in frommes dat mocht er net lije. Hy sei: It is mei dy fan boven bont en fan ûnderen stront. En doe liet er har samar de rokken ôfglide. Doe stie hja dêr yn har sútrige ûnderguod.
Ien fortelde my, der wie in man, dy siet boppe op 'e skuorre. 't Wie in reiddekker. Doe glied hy by it dak del. Doe rôp er ûnder 't fallen: "Krij dy gripe dêr even wei, oars fal ik dêr yn!"
Dat mat hjir yn 'e omkriten gebeurd wêze. Dy't it mar leauwe wol.
Der wie in earme man, dy hie mar ien kou. Op in kear kom er by de pastoar, dy hie trije kij. Hy frege dy pastoar of hy dy beesten ha mocht hwant hy koe fan dy iene kou net lâns komme. De pastoar dy klaude him alris achter 't ear. Hy tocht ris goed nei. Doe sei er tsjin dat earme mantsje: "Ik wyt al hwat. Ik ha trije bêste beesten. As jo my nou moarnier...
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
Der wie ris in kear in boer, dy kocht op 'e joademerk twa kokosnuten. Mar de koopman makke him wiis dat it oaljefantsaeijen wienen. As er dy oaljefantsaeijen útbrette, soenen dêr jonge oaljefanten útkomme. Doe't er thús kom, sei de frou: "Hwat hast dêr?" "Dat binne oaljefantsaeijen", sei er. "Dy wol 'k sels útbriede." Hy gong der mei sitten yn 't hea. De...
Op in joun kom ik let thús - ik slepte op 'e souder. Ik lei noch mar even, doe hearde ik ien by de leider op kommen. Doe die dyselde trije stappen nei myn bêd ta en gong doe boven op my sitten. Ik slepte noch net. "Wel bliksem, hwat is dit hjir", sei 'k en ik pakte dyselde. Mar dy glied my samar tusken de hannen wei en wie fuort. Dat mat in nachtmerje...
teltsje: Op in kear gong ik nei 't paviljoen fan 'e Leijen ta. Ik hie sin om to swemmen. Mar ik hie gjin swempak by my. Froeger koenen jy dêr sa'n swembroekje hiere, mar sa wie 't nou net mear. Doe't ik der kom wie der net ien by 't paviljoen. Ik tocht: nou doar ik wol neaken to swimmen. Mar hwer moest ik mei myn klean hinne? Doe stie dêr in âlde...
Der wie ris in doomny dy gong ris op in kear mei syn frou nei in sike man ta. Dat wie in tige rûch man, dy flokte dat it hwat die en de doomny moest him sa nou en dan biskrobje. Op 'e weromreis praetten doomny en mefrou dêr drok oer. It wie in iensume wei mei bosk oan 'e kanten dêr't se lâns moesten. Doe sei doomny tsjin syn frou: "Wolst hjir even...
Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk. Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta. Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant. De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om. Op in kear doe wie...
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
Sterke Hearke en syn broer hienen in âld hynder en dêr fuormannen se mei. As it gebeurde dat de ladene wein yn in bidelte stie en it hynderke koe him der net weikrije, dan spanden de beide mannen it hynder út en lutsen sels de wein dêr wei.
Myn man wenne froeger by Nikus Veenstra, dy wie boer op Luchtenfeld. Dy boer hie in ûngeboaren berneearmke. Dêr koed er alles mei.
Op in kear wie Hinse Jehannes de Boer thúskom, doe hie er allegearre smetlapen oan 'e kop hawn. Doe fregen se him hoe't er dy krigen hie. Hy wie aerdich hwat boppe syn théwetter. Doe sei er: "Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west." Hy focht wol faker mei de duvel. Dan koe men him wit hoe fier razen hearre.
Mem fortelde, der sieten ris guon to kaertspyljen. Ien fan dyselden woarde samar stiltsjes wei. Dat wie de duvel.
Der wie in boer, dy gong nei de merk ta to Ljouwert. Doe seach er dêr kokosnuten lizzen, mar dy hie er noch noait sjoen. Hy sei tsjin 'e koopman: "Hwat dingen binne dat?" "Dat binne oaljefantsaeijen", sei de koopman. Dy moest er yn 't hea lizze, en dan moest er dêr neaken op sitten gean to brieden, dan kommen der nei fjouwer dagen jonge oaljefanten út. De...
Rottevalle
Jan Hepkes fan 't Surhústerfean kom der ris in kear mei de bakfyts oanriden op it Wytfean. By Tsjerk Jans wienen se krekt mei in keppel hoklingen oan 't forweidzjen. Jan woe der graech troch, mar hy woarde troch dy hoklingen opkeard. Hy moest even geduld ha. Mar hy hâldde altyd in goed sin. Hy sei: "Och, alles komt terecht, maar de verzopen dubbeltjes...
