Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
103 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Harkema
Jierren lyn gebeurde it dat ús heit en dy, as se jouns op bêd leinen, altyd hwat hearden dat se net thús bringe koenen. It hie in soad fan motorgeronk, mar sy koenen har net bigripe dat it dat wêze koe, hwant der wienen dêr gjin moters. Alle jounen wie dat lûd der wer. Doe kochten myn broer en ik elk in frachtauto. Wy kommen der op in joun mei delsetten....
Der wienen in man en frou, dy krigen ris in hiel great aei. 't Wie in oaijefaers-aei hienen se sein. Mar it aei wie sa great, dat sy ornearren, it soe wol in oaljefantsaei wêze. Wiste hwat? sei de iene tsjin 'e oare? Wy briede it út. Dan ha wy in jonge oaljefant. Doe ynformearren se earst hoelang sa'n oaljefantsaei bibret wurde moast. Dat duorre fjouwer...
Alde Sibe Gealtsje Sibe fortelde: Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west. Dat wie op in joun. Doe hie 'k mei 't wiif to biklaeijen west. De duvel wie in beamke.
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen." Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta. Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
Op in kear seach ik in lykstaesje. 't Wie yn 'e nacht. By 't nije tsjerkhôf bleauwen de minsken stean.
Jan Hepkes koe ûntsettende bêst meane, nei't er sei. Doe hied er oan 't meanen west yn 't Bil, tusken 't Wytfean en de Rotfalle. Doe kom er by in plakje, doe tocht er: Hwat stiet my dêr in protte gjers. Dêr hat grif fleden jier ien sitten te broekesearen (= zijn behoefte doen; uit de broek, een mij onbekende uitdrukking). Hy soe 't der ôfmeane, mar doe...
Us mem en dy ha in berntsje forlern, dat is forbrând. 't Wie op in tongersdei-to-joun. De wyks fan tofoaren kom heit op in joun thús. Doe tocht er: hwat hjir is to dwaen, wyt ik net. 't Wienen allegearre minsken en fytsen. - Mar der wie neat. In wike letter hiene jy deselde sitewaesje. Mar doe wie 't echt. Heit sei: Ik wist hwat der gebeure soe.
Hindrik Holthuis en Rindert Alma, doe't dat noch feinten wienen, woenen se de lju ris bang meitsje. Mar sy wisten neat fan elkoar ôf; 't wie allegear tafal. Hindrik die in lekken om en Rindert die ek in wyt lekken om. Fan 't Bouwekleaster rint der in paed skean de lânnen troch nei Readskuorre. Dêr wie in houtsje, dêr moesten de minsken oer. Hindrik wie...
Jan Hepkes hie in karrefol fellen fan 'e Feanster boat helle, by de Swimmer. Der sieten in protte maitsen (= maden) yn dy fellen. Doe kom dêr in mynhear by him to sjen. Dy seach dy maitsen. Hy sei: "Hwat foar beesten binne dat?" "Dat binne maitsen", sei Jan. "Dat lijken aardige beestjes", sei dy mynhear. "Ja," sei Jan, "daar ken je goed mee vissen." "Dan...
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje. Sy rounen njonken elkoar. Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear. "Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure." Mar ik leau net dat der oant diz...
Guon matte ris heard ha, dat der yn 'e Liuwepoel ris in kear roppen woarde: Help! Help! 't Hie in manljuslûd west. Men wol ha dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
It wie yn 'e oarloch. Ik siet yn Frankryk. Doe seach ik op in nacht presys hwat der by ús thús gebeurde. Ik lei op bêd. De oare wyks rekke ik nei hûs ta, nei de Harkema. It earste hwat ik seach, dat wie it nije rútsje, dat yn it sydglês fan 't hûs siet. Ik sei: Dat haw ik yn 'e nacht yn Frankryk sjoen. Ik ha sjoen hwa't it rút ynsmiten hat en ek hwer't er...
Oan 'e Mûzegroppe, ûnder Rottefalle is froeger ris in moard gebeurd. 't Wie Sytse Bates, dy hie syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels ek noch fan kant makke. De bloedplakken woenen letter noait wer út 'e muorre en de flier wei.
Koart foardat de Dútsers hjir kommen yn 1940 hearde ik de learzens al oer de wei gean. 't Wie in hiele stoet soldaten dy't ús foarby kom. Ik hearde wylst ik op bêd lei yn 'e nacht. In goed wike letter wienen se hjir. Doe sei 'k: "Dat is nou de stoet, dy't ik dy nachts heard ha."
Ik wenne by de boer, dêr gong ik alle dagen mei de bus hinne. Ik hie dêr tichteby in tante wenjen, dêr gong ik wyks ek altyd in pear kearen hinne, hwant dat wie in rike erftante. Op in kear sei se tsjin my, se woe graech in kat fan ús ha. Ik die de kat yn in kartonnen doaze fan Plantenga's jenever en sette dy yn 't rakje fan 'e bus. Tsjin my oer siet...
Der wie in man dy kaem yn 'e herberch, dêr sieten de minsken allegear oan 't bier. Hy bistelde ek in gleske bier, mar doe't de kastlein it him brochte, sei er: "Dit is allegearre skûm." "O," sei de kastlein, "wachtsje mar, 't wurdt fansels bier." De man dronk it op en even letter frege er hwat de kosten wienen. "Fiif kwartsjes", sei de kastlein. De man...
Ik moest nei 't sikenhûs ta foar in operaesje oan 'e blaes en de nieren. Dêr snijden se 't hiele spul by my iepen, ta de pûde ta. Dokter sei tsjin suster: "Liz de beide baltsjes mar yn in potsje en set dat mar even yn 't finsterbank." Dat die hja en hja operearden troch. Doe't se omtrint klear wienen, sei dokter tsjin 'e suster: "Jow my de beide baltsjes...
Dêr wie in man op stap nei de publike froulju ta. Hy kaem by ien en doe sei er tsjin har: Nou kin ik net folle bitelje. Soenen wy it iens wurde kinne? Hja kamen oerien, foar elke stjit soed er in goune bitelje. Hja gongen togearre op bêd en it bigoun. Seis kear die er in raem, dat wie dus seis goune. Mar doe bigoun er hiel hurd achterelkoar. Doe sei se:...
103