Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
De tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Dêr sieten allegear triedsjes yn forwurke. Al dy soarten jern wienen yn 'e hûs. As de krânsen út it kessen wei wienen, wie de macht fan 'e tsjoenster forbrutsen.
As men in apel fan in tsjoenster oannaem en dy iet men op, dan krige men in pod yn 'e mage.
Trape men op in pod, dan woarde it swier waer mei tonger.
Froeger woarden der faek bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbanner ta om in drank. As sa'n duvelbanner in drank meijoech en 't bern stoar, dan wie 't bitsjoend. Stoar it net, dan wie 't net bitsjoend. As in tsjoenster in bern yn 'e macht hie, dêr leefde se fan. Dêrtroch tsjirme it bern. Myn heit hie in âldomke, dat wie Piter. Dy wie troud mei in...
As in bern hwat fan in tsjoenster opyt, dan hat dy tsjoenster it bern yn 'e macht.
As guon nei Wopke fan Kûkherne ta west hienen, dan hienen se meastal in drankje by har, dat Wopke meijown hie. En dat drankje gong dan hiel faek stikken ûnderweis troch in ûnsichtbere macht.
Bontsje Keke is 't ek oerkaem. Dy hat der ris foar syn bern west, doe't dat bitsjoend wie. Underweis gong 't drankje stikken. Doe moest er wer hinne.
As jo ien hwat biloofd ha en jo folbringe dat net, dan stjert dyselde net. Hy wurdt wol nei 't tsjerkhôf tabrocht, mar hy komt hyltyd werom by de minsken en pleaget har, krekt as in pleachbeest. As men fan him ôf wêze woe moest men in nij kezyn yn 'e doar sette, dêr't er ta'n út droegen wie. Soms hellen se de doomny der wol by, dy spruts him dan oan. Dy...
