Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Heit en mem wienen ris togearre to jounpraten. Doe't se weromkamen, wie 't nacht. Doe kaem dêr in greate, grouwe, swarte houn njonken har, dy roan flak by har lâns. It duorre net sa lang. Us mem seach dy houn, mar heit seach him net. Doe't se tsjin heit sei: "Wy ha hjir in houn as in keal njonken ús", waerd er stadichoan wei. 't Gebeurde hjir yn...
Goaitsen - dy wennet hjir yn 'e buert - fortelde my ris, hy hie hjir ris hwat sjoen op dit lân hjir njonken. Hwat it wie koed er net sjen, mar it like nuver, sei er. Hy tocht: ik mat goed sjen of it sloft of as it sweeft. Sweeft it, dan doocht it net.
"It sweefde", sei er. "Doe tocht ik: set sokken." En hy naeide út.
Fokke hie in stikje heidegroun, dêr roan in paedtsje trochhinne. De tagong ta dat paedtsje wie mei in pear peallen ôfsket. Der kamen twa manlju oan, dy wienen beide oansketten. Dy gongen dêr lâns. Se dienen de peallen foar de yngong fan it paedtsje wei en dienen se der net wer foar. Fokke sei: "Ho, mannen, dy peallen matte der wer foar." Mar se dienen it...
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant men kin dan oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
Twijzelerheide
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje. Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?" "Wiswol," sei de man, "hwerom net?" Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha. It paed...
Tusken de Falom en de Breedte roannen us in kear twa feinten. It wienen Wiberen van der Weide en Sjoerd Visser. Sy kommen fan Moarmwâld en de Broek. 't Wie op in joun. Sy woarden samar ûnforwacht fan 'e wei ôfset en kommen yn 'e berm to stean. Der mat in lykstaesje west ha, mar sy hienen neat sjoen.
Der wie ris in man dy moest fan Twizelerheide nei 't Feankleaster ta. Hy wist net hwer't er lâns moest, hwant it wienen dêr allegear slingerpaedtsjes. 't Wie yn 'e Frânse tiid. Hy trof Salomon Levy fan 'e Westerein. Hy sei tsjin him: "Wite jo ek, hwer't ik lâns mat nei Feankleaster ta?" Doe sei Salomon Levy: "Dan matte jo dit paedtsje mar hâlde, dan in...
