Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
5 datasets found
Dutch Keywords: liegen Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Eastermar
Yn Aldegea (Sm) op 'e Westersanding sieten trije man op in joune by elkoar. Se hâldden in weddenskip, dy't it bêste lige koe. Nou bin ik forgetten hwat de oare twa fortelden, mar deselde dy't it woun, wie in âld man. Dy sei: "Der wie in spin, dy kroade in greate boereskuorre in mich ta 't gat yn en 't is wier gebeurd."
Jan Hepkes wie yn 'e ûngetiid de klaei oer achter Ljouwert. Hy meande dêr mei de seine. Doe't er by de boer kom, sei dy tsjin syn arbeider: "Wy ha in nije ûngetider, dy mat mei jo meane." "Wy rekken togearre oan 't meanen", sei Jan. "Wy meanden en wy meanden, en dêr wie 't ynienen: klets. Ik tocht: Hwat ha wy nou. Ik sjoch nei de groun en hie 'k dêr net...
Jan Hepkes koe prachtich fortelle. Ik wyt noch, dat er us fortelde: "'t Wie winter en der lei in dikke laech iis. Ik wie oan 't riden, 't wie al let yn 'e joun. Doe stie dêr ien oan 'e kant. Ik hâldde stil. - Matte jo noch in ein? - - Ja - sei er, - in hiel ein, mar ik bin sa út 'e liken, dat ik kin net in streek mear sette. - - Dan mar achter my oan, -...
Yn Peasens en Moddergat stie in dûmny. Yn ien fan dy beide doarpen wenne in fisker, dy brocht wol gau us fisk by him. Op in kear sei de dûmny tsjin 'e fisker: "Jo matte us yn tsjerke komme. Jou heit plichte ek faek to kommen." "Dan mat dat us wêze", sei de fisker. De sneins dêroan sette de fisker mei Slomp, syn houn, nei tsjerke ta. Dûmny hie in preek oer...
Hwa't it bêste lige koe. Der wienen trije man, dy't in weddenskip hâlden; hwa't it bêste lige koe. Dyselde soe traktearre wurde. Dy't it woan, fortelde dit: Der wienen us trije man, dy farden op sé: in blinen, in lammen en in neakenen. De bline sei: "Dêr jinsen rint in hazze op in distânsje fan sa'n fyftsjin roeden." De lamme sei: "Ik sil him gripe." Hy...