Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
As in frommes in bern ha moest, moest se net ûnder 'e line trochrinne, hwant dan krige it bern stringen om 'e hals en smoarde it.
As in frou yn forwachting wie moest se net nei in deade sjen, hwant dan woarde it bern wyt om 'e holle.
In frou yn forwachting moest net nei katten of mûzen of rotten of kninen of hazzen sjen. Oars kom it bern dêr op to lykjen.
Deselde dy't it deadshimd naeide moest de tried net ôfbite, hwant dan foelen de tosken út.
As se it hier fan 'e deade útkjimden moesten se dy kaem net wer brûke, hwant dy't dat die, dy foel it hier út.
Dy kaem moest by de deade yn 'e kiste.
Der wie in man, dy fielde him net goed. Hy hie lêst, sei er, dat gong omheech en omleech, dan hie er it wer boven yn 't lichum en dan wer ûnder yn 't lichum. Hy gong nei de dokter ta. Dy ûndersocht him en doe sei er: "Ik kin neat fine. Jo matte oer fjirtsjin dagen mar ris wer komme en dan matte jo jou wetter meinimme." Dat die dy man. Doe't de dokter dat...
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing. It fanke wie tige sinnich. Hja woe wol in man ha, mar dêr moest neat oan dy man mankeare. Hy moest kant fan liif en lea wêze en soun nei lichum en geast. Hja hie al forskate feinten hawn, mar 't bisloech noait goed. Der mankearde neffens har altyd hwat oan. As it oan trouwen ta wie dan moest dy feint...
It jongfolk hjir yn 'e Westerein, dêr wienen greate spotters ûnder. Hjir ha fjouwer fan dy jongkeardels west, dy gong it noait to raer. Ien fan har dat moest in lyk forbeelde. Dy leinen de oare trije op in baer en doe moest er bigroeven wurde. En der woarde in rede by hâlden. Mar it is net likefolle hwat men docht. Trije fan dy jongkeardels binne hiel...
De Westereen
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
