Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
8 datasets found
Dutch Keywords: lamp Place of Narration: Harkema
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
Wylde lantearnen, dat wienen ljochten, dy seach men fan fierrens, mar as men der by kaem, dan wienen se fuort. 't Wie foartjirmerije. Letter kom der op sa'n plak in echte lantearne of in hûs. Ik ha 't sels wol meimakke.
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen. Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op. Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
De tsjoenster kin in minske troch 't lampeljocht krije.
Wy ha faek fleanende lantearnen oer de heide sjoen. Dat woarden letter de fytsen en de brommers.
Us mem seach fier fan to foaren de fytslampen op 'e wei. Mem seach dy ljochtsjes kommen en gean. Sy wienen samar foarby. Dat wienen letter de fytsen.
Alde minsken, dy efter ús wennen wienen ek ris bitsjoend. As hja jouns de lampe opstekke soenen, waerd dy fuortdalik wer útblaesd. Se bigongen ek to sukkeljen. Doe 't se de kessens iepenmakken, sieten der krânsen yn.
10