Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Om 'e grouwe beam hinne oan 'e Bomkleasterwei dounsen froeger neakene berntsjes. Dy wienen dêr formoarde.
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale. Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme. 't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
Rottevalle
Wol men wite of in bern bitsjoend is, dan moat men spjelden yn wetter siede. Wurde dy spjelden read, dan is it bern bitsjoend.
Wienen wy ticht by 't wetter, dan sei mem: "Tink der om, aenst pakt de fiskotter jim."
Rottevalle
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
Yn 'e Harkema hienen se duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme. De bern hienen 't ek yn in pûdtsje op 't boarst.
De bargen hienen duveldrek ûnder 'e trôgen.
De duveldrek kochten se yn Drachten by David Flud (= de Vrieze). David Flud sei dan: "Even wachtsje, hy mat it noch lizze."
By de Fûgelkamp yn 'e Harkema spûke it froeger altyd. Yndertiid binne dêr fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând.
Letter spûken dêr altyd fjouwer lytse neakene berntsjes om.
Wy mochten sneins net neilknippe, "hwant," sei ús mem, "jimme matte dan al dy neilstikjes yn 't hjirneimels wer opsykje."
Rottevalle
