Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
17 datasets found
Dutch Keywords: kerk Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Harkema
Warmolds wie in boerke. Hy hat as oefener hjir yn 'e Harkema it Kristendom brocht. It folk wie hjir tige rou en rûch. Doe't hjir it evangeelje kom nom dat in hiele kear. 't Folk woarde biskaefder. Warmolds kom fan Stiensgea. Hy woe hjir in tsjerkegebou delsette. Mar hwer moest dat komme to stean? Op in nacht roan Warmolds troch de Harkema. Hy roan by 't...
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
Fedde van der Wiel, byneamd Fedde Flik, wie in hwat ienfâldige, mar tige gelovige man. It jongfolk woe ris in grap mei him útheve. Hja gongen by Fedde boppe op it hûs sitten. 't Wie op in joun - en doe rôp der ien ta de skoarstien yn: "Ferdinand, waar zijt ge?" Fedde tocht net oars of it wie ús leaven Hear dy't him dat frege en hy antwurde: "Hier ben ik,...
Warmholds wie in boerke, dy hat foar 't earst it evangeelje brocht yn 'e Harkema. Op in kear kom er yn 'e Harkema. Doe wiisde Gods finger him it plak oan, dêr't it tsjerkje stean moest. Dêr hat er doe it tsjerkje bouwe litten. Letter liet er op dat tsjerkje sette: "Ziet hier Gods vinger."
Fedde Flikje yn 'e Harkema siet by de lege pot to bidden. Doe liet ien in stikje roggebrea del en der klonk in stim troch de skoarstien: "Ferdinand, waar zijt gij?" "Hier Here", sei er. "Morgen naar de kerk te Hardegarijp." "Goed Heare", sei Fedde. De oare moarns bitiid sette Fêdde ôf nei Hurdegaryp to foet, om mar net to let to kommen.
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend. It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?" Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
Der wie in nije doomny kom, dy't to Ikkerwâld en yn 'e Broek preke. De fammen en feinten gongen net tagelyk to fragelearen. Elk hie it apart. Doe't doomny de earste kear fragelearen jown hie oan 'e fammen to Ikkerwâld, sei er tsjin ien fan 'e tsjerkerie: "Tsjonge-jonge, dat binne fammen, dy meije der wêze hear." "Ja, mar," sei it tsjerkeriedslid, "dan mat...
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
Hoe't de Hamsterheide oan in tsjerke kom is. Der swalke us in dronken man oer de heide. Doe kom der ien by him , dy sei: "Dû mast op it plak, derstû nou bist, in tsjerke bouwe." Dat hat er dien.
Op it plak dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, ha se froeger fan tofoaren psalmsjongen heard.
Yn 'e Harkema oan it eintsje tusken de grifformearde en de herfoarme tsjerke spûket in hynstekop om.
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste kou lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak sels dêr't de kou lei, dêr moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde de sleat tichtmakke. (waarschijnlijk gaf ik dit reeds eerder op...
By dy grouwe beam mat in tsjerke stien ha. Dy beam hearde by de tsjerke. Dy beam mei dêr net wei.
In stik of hwat jonge mannen, hwerûnder Bindert Kloosterman, Anne de Jong en Wopke Oldenburger út 'e Surhúster Mieden sieten us meielkoar yn it café fan Piersma to Surhuzum. Sy woarden froalik. En doe seinen se: "Nou wolle wy us krekt as yn 'e tsjerke it avondmael fiere." En dat dienen se. Se hienen de beker der by en de bôlle en it formelier woarde...
Yn 'e Harkema mienden se froeger dat se allinne mar bikeard wurde koenen as se hwat sjoen hienen. Al dy mannen dy't hwat sjoen hienen by nacht, dy bikearden har ta de tsjerke. Mar doe sei ds. van Leeuwen, dy't dear stie: "De duivel zal wel wijzer wezen dan te kruipen in hond of kat." Dat ha de Heidstsjers him tige kwealik nom. Hy is om dy wurden foar de...
Yn 'e Rottefalle preke in sikere dûmny Reiding fan Surhústerfean. Dy hie syn preek forgetten. Dêrom liet er de hiele psalm 119 sjonge, wylst er ien nei it Fean stjûrde om syn preek op to heljen. Guon gongen op it lêst fuort, oaren foelen yn 'e sliep, wer oaren songen en bleauwen sitten. De tsjerke wie bigoun om 9 ûre yn 'e moarn. Pas om 1 ûre wie de preek...
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste koe lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak, dêr't de koe lei moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde dy sleat ticht makke.