Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
Ik wenne by de boer, dêr gong ik alle dagen mei de bus hinne. Ik hie dêr tichteby in tante wenjen, dêr gong ik wyks ek altyd in pear kearen hinne, hwant dat wie in rike erftante. Op in kear sei se tsjin my, se woe graech in kat fan ús ha. Ik die de kat yn in kartonnen doaze fan Plantenga's jenever en sette dy yn 't rakje fan 'e bus. Tsjin my oer siet...
Ik moest nei 't sikenhûs ta foar in operaesje oan 'e blaes en de nieren. Dêr snijden se 't hiele spul by my iepen, ta de pûde ta. Dokter sei tsjin suster: "Liz de beide baltsjes mar yn in potsje en set dat mar even yn 't finsterbank." Dat die hja en hja operearden troch. Doe't se omtrint klear wienen, sei dokter tsjin 'e suster: "Jow my de beide baltsjes...
Myn man syn suster wie altyd syklik. It bern tsjirme. Hja hie altyd skeel. Doe sei heit: "De boze geest pleaget har. Dy sit ûnder 't bêd." Doe helle er in gripe en reage dêrmei ûnder 't bêd om. Doe kom dêr in kat weifleanen. Dat wie de boaze geast, sei heit. Hy prebearre dy kat to reitsjen mei de gripe, mar dy kat fleach fuort. Heit achter de kat oan, mar...
Harkema
Dy't him oan 'e duvel forkocht, hie noait wer forlet fan sinten. Dyselde moest in swarte kat fange en dêr mei nei 't tsjerkhôf ta gean. Dan moest er trije kear mei dy kat om 't tsjerkhôf hinne rinne. En dan moest er roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear kom der fansels ien by him. Dat wie de duvel. Dy joech er de kat oer en dêr...
Harkema
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
Harkema
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
Harkema
Doe't wy yn Stiensgea wennen hienen wy ris op in kear to jounpraten west. Doe't wy weromkamen, wie der my hyltyd in kat foar de fuotten. Mar it fremde wie, dat ik him net seach, mar myn wiif wol. "Pas op, dû stiest der hast op", sei se. Ik sei: "Hwer is dat ding, dan traepje 'k him yn 'e sleat." Mar ik koe him net sjen. Hy hat mei ús oan hûs ta west. Myn...
Harkema
Soms hâlde de katten in forgadering.
Harkema
As froulju safier binne, matte se net mei in kat boartsje. Hwant dan krije de bern in knûstje.
In tsjoenster kin har foroarje yn in kat. Ik ha wit hoe faek heard, dat se in kat in opmiter joegen en dat dan de tsjoenster de oare moarns mei in seare holle of sa op bêd lei.
De tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens.
As katten hâlde se in forgadering. Us Gerke hat wolris heard, dat de kat sei: 'donderdagavond'.
Harkema
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
Harkema
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
Harkema
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein:
"Duivel, wil je mijn kat ook kopen?
De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
Harkema
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
Harkema
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
Harkema
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
In pod wie in tsjoenster. Tsjoensters leinen in fjûr oan fan stiennen.
Harkema