Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
6 datasets found
Dutch Keywords: kat Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Twijzelerheide
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se]. Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
Der wie in jonge, dy die in biropskeuze. Hy woe mar skuonmakker wurde. Hy gong by forskillende skuonmakkers lâns, mar sy fregen him oeral: "Hastû ek diploma's?" En dy hie dy jonge net en dan koenen se him net brûke. De jonge liet de moedfearren op it lêst sakje. Hy tocht: ik krij nergens in plak as skuonmakkersfeint. Doe gong er ris op in kear nei in...
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede. Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
Op in kear siet der in reabonte kat by my oer 't hûs. Hy siet achter op syn kont, midden oer de keamer. De beide poaten die er krúst foar de kop lâns, hyltyd mar hinne en wer. Ik tocht: "Dû bist in tsjoenster." Krekt as waerd it my ynjown. Ik die de doar ticht en krige de tange. Doe ik achter dy kat oan. De kat fleach fjouwer kear by de gerdinen op en...
Dit hat heit ús faek forteld. Syn âldste dochter hie in lyts famke. It bern gûlde altyd. Heit waerd op in kear sa lulk. Hy goaide it bern yn 'e widze. Der moast it dan mar útraze. Mem makke it bêdtsje op. Sy tocht, hwat is dat kjessen hurd. Dêr kin it bern sa net op lizze. Doe sei heit: "Dat kjessen meist wol ris neisjen." Der kamen trije krânsen út. It...