Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wienen twa klokken yn Dokkum, in greaten en in lytsen-ien.
De greate sloech mei in swier lûd: Dokkum wordt arm! Dokkum wordt arm!
Fuort dêr achteroan sei de lytse klok mei in fyn lûdtsje: Kin ik it helpe? Kin ik it helpe?
Guon matte ris heard ha, dat der yn 'e Liuwepoel ris in kear roppen woarde: Help! Help! 't Hie in manljuslûd west.
Men wol ha dat dêr nochris ien yn forsûpe mat.
Op in kear wienen se by Bindert Japiks oan 't dongmennen.
It wie tige glystrich by 't skerngat en de beide hynders koenen gjin skrip krije, doe't se foar de wein mei dong stienen. 't Wie in dik weinfol. Doe spande Hearke de dieren út en luts de wein allinne ta 't skerngat út.
It gebeurde op in kear, doe sieten se yn 't hea. Doe bleau der in wein mei in foer hea tusken de kezinen fan 'e skuorredoarren by Bindert Japiks stykjen. Se koenen it foer net yn 'e skuorre krije. Doe kom Hearke der by. Hy sei: "Ik gean oan 't tiksel. As jimme nou by de fjilden stean geane. Binne jimme klear?" Hja dienen neat. Hearke luts de folle wein...
Op in kear hienen se sa'n grou foer hea, dat sy koenen it net troch de skuorredoarren ride. It bleau oan 'e kanten stykjen. Hearke soe it der mei de arbeiders yn lûke. Doe seinen de arbeiders tsjin elkoar: "Nou matte wy tsjinhâlde, dan kriget hy dat foer der noait troch." Sy hongen oan 'e fjilden. Mar it joech de mannen neat, al hoe bot se tsjinkearden....
Der wie in man dy wie mei de wein nei stêd ta. Hy hie de wein aerdich fol laden, dat it wie in swiere fracht. Doe nom er ek noch in pear sekjes moal mei. Doe't er bûten de stêd wie, tocht er: "Nou kin 'k ek wol op 'e wein sitten gean." En dat died er. Doe kom der him in man tomjitte, dy sei: "Dat dier mat ek nochal hwat lûke, net?" "Ja," sei de oare, "it...
De Liuwepoel is ôfgryslike djip. Nachts ha se wolris ien roppen heard om help. Dat lûd kom út 'e poel wei. Dat bitsjut dat der nochris ien yn forsûpe mat.
Jan Hepkes fan Surhústerfean koe 't altyd moai sizze. Japik Laverman wenne ek op 't Fean. Dy hie buorkerije. Op in simmer doe siet Japik Laverman yn 'e haeijnge. Doe kom er by Jan Hepkes of dy him ek yn 't hea helpe koe. 't Wie prachtich waer. Jan gong mei him. Doe't er Japik de hiele dei holpen hie frege Japik: "Hwat mast nou fan my ha?" Jan Hepkes sei:...
