Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
Opende
Alde Antsje fan Sumarreheide, widdou fan Folkert Hountsje (= van der Wal) hie sjoen dat Paulus, in broer fan Folkert, fordrinke soe. Doe't it dan echt gebeurde en hja hearde dat der ien forsûpt wie, sei se: "Dan sil dat ús Paulus wol wêze."
Sumar
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
Sumar
Deselde dy't yn 't bisit is fan sa'n helm, is kûgelfrij. Dêrom hienen de hege militairen yn 't leger froeger sa'n helm dy't se kocht hienen en by har droegen.
Sumar
Guon wienen mei de helm geboaren. Sokken moesten alles fan tofoaren sjen. Sa'n man wie greate Sjoerd (Dykstra) fan 'e Achterwei to Sumar. Hy wie koedriuwer en moest der nachts soms ôf om nei in lykstaesje to sjen. Oan deselden dy't achter it lyk oanroannen koed er dan meastal wol birekkenje hwa't der stjerre soe.
Garyp
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
Sumar
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dat flies moast fuort forneatige wurde, oars seagen se letter lykstaesjes fan tofoaren.
Garyp
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
Burgum
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
Houtigehage
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie. Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
Burgum
Hjir wennen froeger guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen nachts lykstaesjes.
Oudega
Jochums Antsje wie mei de helm geboaren. 't Wie in hiel âld minske. Hja wie widdou en wenne yn 'e Sumarreheide. Dy sei: "'k Ha der fannacht ek wer ôf west. Se ha my kloppe."
Hja wenne oan in dwarsreedtsje. Hja seach bigraffenissen de reed lâns gean. Ek fan har buorfrou Martsje. Dan sei se: "Der giet aenst wer ien dea." 't Kaem altyd út.
Mûnein
Hjir ha wol guon west dy seagen soms nachts in lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren, seinen se.
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men sa'n lykstaesje yn 't paed rinne.
Mûnein
't Gebeurde èk op in nacht, doe seach er syn dochter dea lizzen yn 'e dobbe. Dy hie harsels forsûpt.
't Kaem krektsa út.
In pear dagen letter wie 't doe gebeurde 't echt. Doe foun er har yn 'e dobbe.
De Westereen
Guon wurde mei de helm geboaren. Wurdt dy helm op 'e forkearde menier forwidere dan mat sa'n ien letter altyd lykstaesjes sjen. Dy matte der dan nachts faek út.
De Westereen
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
Kootstertille
Dy't mei de helm geboaren woarde, moest letter alles sjen, as dy helm der forkeard ôflutsen woarde.
De dokters wienen tige hyt op de helms. Dy waerden djûr forkocht.
Kollumerzwaag
Fokje Slager, dy't mei de helm geboaren wie, moest om de safolle tiid ien sjen, oars gong se sels dea.
Mei tsjoensters wie dat ek sa.
De Wilgen
In sekere Jager (Rustoord, Drachten (B99)) fortelt, by 't Sudertsjerkhôf to Drachten wenne froeger in âld man, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes.
Drachten
Myn broer Hindrik, dy't to Drachten wennet, is mei de helm geboaren.
