Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
55
55
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
55 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Harkema
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
Der wenne ek in tsjoenster yn 'e Harkema dy gong der yn 'e nacht altyd op út. Dan bleau de man op bêd lizzen. As er dan om him hinne taestte, dan lei der in koepânse op bêd. As hy der mei in nuddel yn stutsen hie, hie hja dea west.
Krige men in apel fan in tsjoenster en men burch dy op, dan foroare dy letter yn in pod. Trape men op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
Wy hienen froeger by ús thús altyd duveldrek ûnder 'e drompel en ûnder 'e bargebakken. Dat wie fanwege de tsjoenderij.
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
Hwat in tsjoenster jin jowt, dat foroaret yn in pod.
Piters Lys hjir op 'e Bulten hat bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen. Dat is noch mar even lyn. Hat men guod fan 'e duvelbander, dan mat men der om tinke dat men dat goed achter slot hat. Dat meije oare minsken net sjen.
As in tsjoenster trije folle krânsen by ien yn 't kessen tsjoend hat, dan is dyselde dea.
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
Der hat froeger by ús mem en dy ien bitsjoend west, ik wyt net mear hwa. Mar mem joech Thys Weening dêr de skuld fan. Thys Weening sutele mei in fetsje mei pikelhearrings yn 'e Harkema en dy doarst noait by ús oer de drompel to kommen. Dêr hie mem duveldrek ûnder lizzen en dan kin in tsjoenster der net oer komme.
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
Ik moest wol us nei âlde Frearke Vogel om turf. Dan krige ik duveldrek mei yn 'e bûse. Hwant it âld-wiif wie in tsjoenster.
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
As in âld-wiif mei de hân oer de knoppen fan in knopstoel omwreau, dan koe men der mar fan op oan dat it in tsjoenster wie. Sa'n ien moest men yn 'e rekken hâlde.
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
55