Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
22
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
22 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Place of Narration: Boelenslaan
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
As bern bitsjoend wienen hienen se krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
Se hienen hjir froeger duveldrek ûnder 'e drompels, dan koe der gjin tsjoenster yn 'e hûs komme. Sy hienen ek duveldrek ûnder 'e trôgen en ûnder 'e amers. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
Tsjoenderij wie froeger om samar to sizzen suver in folkssykte. Wie der in bern bitsjoend, of tochten se dat it sa wie dan moesten se earst it kessen iepenmeitsje om to sjen of dêr ek krânsen yn sieten. Dan moest men hinnegean en nim it wetter fan 't bern, dat yn in pot dwaen en dy pot mei wetter de jouns oer 't fjûr siede litte. Dêr moest men in pakje...
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
Docht men in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel, dan kriget men gjin lêst fan de tsjoenster.
Fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. As mem de nachtmerje krige, sei se, hja hearde de rokken wol ritseljen. Dan foel der hwat op har del. Hwat rogge yn 'e klompen dwaen helpt, seinen se. Sy hongen ek wol flear foar 't bêd. (flearstokken)
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine. Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke." Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn. De oare deis moest...
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen." Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
De minsken hienen hjir meastal duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie fanwege de tsjoenderij, dan koe de tsjoenster der net oerkomme. Se hongen ek wol flearloaten foar de drompels.
De tsjoensters dy't hjir tahâlden hienen popkes. Dêr stutsen se nuddels yn. De popkes stelden bern foar. Dy bern woarden dan bitsjoend.
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat. It bern is troch har...
Hjir wennen trije susters, dat wienen alle trije tsjoensters. Nachts gongen se nei in stik lân ta mei in biezemstôk. Dy hienen se by har. Dan wienen se dêr op it lân oan 't tikboartsjen. Se sprongen om 'e biezemstok hinne. Guon ha har wol hippen sjoen.
Ik en myn neef Bareld wienen us togearre op in joun to murdzjen. Wy soenen wer nei hûs ta. Ik brocht him de Houtigehage in ein út. Doe't wy oan Wytse Hiddema syn lân ta wienen seagen wy dêr yn 'e nacht twa froulju, dy dânsen omelkoar hinne. En dat floddere mar en dat floddere mar. Wy koenen se wol, 't wienen susters en dikke tsjoensters beide. Even letter...
22