Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se].
Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
Twijzelerheide
De tsjoensters lieten soms har pânse yn 't bêd achter.
Twijzelerheide
Ik wie ris oan 't fervjen by Sjoerd Visser yn Bûtenpost. Syn heit Gjert Visser wie hjir geboaren en getogen dat wy koenen skoan meielkoar prate. Wy krigen it oer tsjoenderije ensa. Doe fortelde Sjoerd my: "Myn heit Gjert Visser hie hwat buorkerije en tagelyk wied er ek sa'n bytsje fékoopman. Hy hie ris trije biggen kocht: twa swarte en ien witen-ien. Dy...
Twijzelerheide
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk. Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht." De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze. It bern woarde wer better as...
Twijzelerheide
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
Op in kear siet der in reabonte kat by my oer 't hûs. Hy siet achter op syn kont, midden oer de keamer. De beide poaten die er krúst foar de kop lâns, hyltyd mar hinne en wer. Ik tocht: "Dû bist in tsjoenster." Krekt as waerd it my ynjown. Ik die de doar ticht en krige de tange. Doe ik achter dy kat oan. De kat fleach fjouwer kear by de gerdinen op en...
Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea. Der hat my us in tsjoenster topakken hawn. Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort...
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis. Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
Twijzelerheide
Der wierne froeger altiid minsken, dy 't nachts guon naeijen hearden. Dan sieten der tsjoensters yn 'e keamer to naeijen. De minsken doarsten de bêdsgerdinen dan faek net iens iepen to dwaen, om to sjen, hwat der wier. Mar hja tochten, dat er tsjoensters sieten to naeijen.
20 Oktober waerd ús jonkje geboren. Mem sei: "Nou hoopje ik net, dat Gjetsje hjir hjoed komt. Dy fortrou ik net." Mar hwat woe it gefal? Healwei fiven waerd it bern geboren en efkes letter wie it minske der al. En hja naem it bern op 'e skoat. Ik sei, dat ik it bern by my op bêd ha moast. Ik krige it bern en lei it oan 't boarst. Mar it woe net drinke. En...
