Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
5 datasets found
Dutch Keywords: heilig Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Buitenpost
Yn Grypskerk yn 'e kroech wie us in ploechje jongfolk. Sy woenen wille ha en doe tochten se: Wy matte it heilich avondmael mar ris fiere. Sy dienen it spottenderwize. Doe kom de duvel der yn. Doe ha guon fan dy feinten it sa op har senuwen krige, dat se der altyd hwat fan oerhâlden ha.
In stikje roggebrea kin men by in tsjoenster feilich opite. Dat kin se net bitsjoene. Mar docht men der tsiis op, dan is 't mis.
Hat men pine yn 'e mûle, dan mat men in stikje út in flearbeam snije, dêr in punt op slypje en dêrmei yn 'e kies ompeuterje oant der bloed komt. Dan mat men dat stikje wer yn 'e flearbeam dwaen. As it goed is, giet de beam út. De flear hat heilich hout, dat brânt men net op.
Woe men wite, hwa't jin man wurde soe, dan moest men trije freden oanien in roggekerl yn 'e bûse ha. Dy't jin dan it earst tsjinkom, dat soe jins man wurde.
Hie men lêst fan nachtmerjes, dan moest men in ûneven tal roggekerrels op 't boarst dwaen. Of men moest de hoazzen krúslings foar it bêd lizze. Of men moest duveldrek op it boarst dwaen.