Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wenne froeger in doomny yn Grinzer Pein. As dy op 'e preekstoel stie sneins sloech er altyd mei de fûsten op 'e beide kanten. In pear ûndogense jonges wie dat opfallen en doe hienen se op in kear in pear spikers oanbrocht oan 'e beide kanten mei de skerpe einen omheech. Dy sneins preke doomny wer en doe sei er: "Wie heeft de wereld geschapen? Ik zeg:...
Twee mannen wilden eens een bang moaken. De een ging boven op de ander stoan. Deselfde die se bang wilden moaken, sei: "Ik heb wel eens twee op elkoar gesien, moar noait drie."
Doe werden se bang en liepen fot.
Der was in dokter, die liep op in oavend over het kerkhof. Doe was der een achter een sark fandoan komen en die had gesegd met een roar lúd: "Doe hest mij fermoord."
"Dan hest noch niet genoech had", had de dokter segd, en doe had er de stok kregen en de man een flinke slag geven.
Kornhorn
Er was een dominee, die beweerde dat hij over alle teksten preken kon. Wanneer iemand zondagmorgens een tekstbriefje bij hem op de kansel legde hield hij daar een preek over. Toen wou iemand eens een grap met hem uithalen. Hij lei een tekstbriefje op de preekstoel, waar helemaal niets opstond. Hij dacht dat hij daarmee de dominee in verlegenheid zou...
Der wienen in pear dy woenen de skuonmakker der tusken nimme. De skuonmakker moest oantoane kinne dat er net bang wie. Hy moest de nacht yn in gebou trochbringe yn geselskip fan in lyk, dat yn 'e kiste lei. Mar 't wie net in lyk, 't wie ien fan dy mannen dy't de grap mei úthelle dy't der yn lei. Doe't de skuonmakker dêr in skoft by dy kiste sitten hie,...
Drachten
Der wie in jongfeint, dy sei: "Ik bin noait bang." Doe wienen der twa man, dy tochten: "Wy sille dy ris bang meitsje." Der roan in paed oer 't tsjerkhôf hinne en sy wisten dat hy dêr dy jouns lâns moest. Doe gongen se boven op elkoar stean mei in wyt lekken om har hinne tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan, dêr't it paed lâns gong. Doe't de jongfeint der...
Fedde Flik wie skuonmakker. Op in kear doe hearde er ien ta de skoarstien yn roppen: "Ferdinand, waar zijt gij?" "Hier ben ik, Heer", sei Fedde. "Morgen preek in Garijp," sei dyselde, "ga daar heen." "Goed Heer", sei Fedde. Fedde is der hinnegien mei syn húshâlding. Hy nom in panfol iten mei. Dat ha se ûnderweis bihimmele op 'e Sumarrewei. (it wie in grap...
To Feanwâlden stie in tsjerke mei in âlderwetske preekstoel, sa'n ien, dy't ûnder roun is en op ien punt fêst sit. Dêr stie in doomny, dy hie in soad meneuvels by 't preekjen, dan wie er o sa heftich en soms sloech er mei de fûsten op 'e bibel. De tsjerkeriedsleden gong dat net nei 't sin. Sy seinen: Hy mat mar ris nei beneden. Doe gongen se hinne en sy...
Twijzelerheide
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou. Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns. Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om. Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
Graancirkels kunnen levensgevaarlijk zijn Roel Toering, 6 augustus 2001 Onstwedde/Lelystad – De pasontdekte graancirkels bij Onstwedde en Stadskanaal leiden niet alleen tot opwinding bij onderzoekers van graancirkels en mensen die geloven in een buitenaards ontstaan van de fenomenen. Ook boeren winden zich op over de platgewalste korenaren, maar dan over...
Lelystad
Der stie in doomny yn 't doarp, dy hie in soad meneuvels by 't preekjen. Hy hong soms heal ta de preekstoel út. Der wienen in stik of hwat jonges, dy woenen in grap mei har doomny ha. Sy gongen yn 'e tsjerke en sy sagen de preekstoel fan ûnderen op in lyts eintsje nei hielendal troch. Doe't de doomny dy sneins yn 'e preekstoel kom, hâldde er in preek mei...
Opende
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend. It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?" Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
Der wie in doomny, dy hie in stik of hwat jonges op fragelearen. Dat wienen dogenieten. De doomny hie de gewoante sa nou en dan mei de flakke hân, op 'e tafel to slaen as er hwat fortelde. De jonges tochten: - dêr matte wy in grap fan ha -. Doe leinen se op in kear punaises ûnder 't kleed op 'e tafel. Doomny bigong dizze kear mei in fraech en sei: "Wie...
Fedde Flikje wenne oan 'e Skieppedrifte ûnder Droegeham. Op in saterdeijoune sette 't jongfolk nei him ta. Jan de Haan klom op it dak en dy rôp ta de skoarstien yn: "Ferdinand, waar zijt gij?" "Hier ben ik, Heere", sei Fedde. "Morgen vroeg preek in Veenwouden. Maar dan moet je een pot met bruine bonen meenemen." "Goed, Heere." De oare deis sette er ôf mei...
Der wenne yn 'e Boelensloane in skuonmakker, dy joech nergens om. Dy koe alhiel gjin frees. Der wienen guon, dy tochten: wy moesten him oars al ris bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarstû wol in nacht allinne yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Hwerom net?" sei de skuonmakker. Doe soe dat dan oangean. Sy dienen in levenden yn 'e kiste, mar dat...
Houtigehage
In Westernieuwland op het Hogeland stond een boerderij. Daar woonden een grootvent, een vent en een lutje vent. Die waren 's avonds vrij. De vent en de grootvent wouden de lutje vent eens een keer bangmaken. 't Was winterdag, op een avond en 't was donker. Toen stuurden de beiden lutje vent om een drupjen jenever naar 't café. Toen hij weg was ging vent...
Groningen
Der wie in greatfeint, dy wenne by de boer yn Boarn. Op in kear gong er nei Hinke ta. Hy woe de takomst wite. Hinke sei, der soe him in great ûngelok oerkomme. De greatfeint leaude it net. Der wie ek in lytsfeint by har op 'e plaets. Dy wie deabinaud yn 't tsjuster. Doe moest der us in kear in stik ark helle wurde. Dêr moesten se twa, trije stikken lân...
Drachten
Jan Hepkes koe ek sa meane.
Op in kear doe wied er oan 't meanen. Doe hie ien it harspit mei opsetsin op in plak delset, dêr't Jan meane moest.
Jan meande dwars troch 't harspit hinne, dat de kop rekke der ôf.
De koster en de doomny hienen rúzje. De doomny woe de koster der us tusken nimme. De koster lêsde altyd foar. Doe hie de doomny us in kear twa blêdden út 'e bibel op elkoar plakt. Dat gong oer Noach. Op 'e lêste rigel fan 'e iene blêdside stie: "Noach had zijn vrouw lief... en boppe oan 'e oare side... en hij betikte haar van binnen en van buiten. Dat...
Augustinusga
Der wie us in doomny, dy syn gemeenteleden, dy koenen net lêze. As se sjonge moesten sei doomny iderkear in rigel foar en dan song de gemeente dat. Mar op in kear doe hienen in pear jonges doomny syn bril fet makke. Doe koe hy der net troch sjen. Doe sei er: "Mijn bril die is met vet besmeerd." De gemeente song: "Mijn bril die is met vet besmeerd." Doomny...
