Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy hienen se fan 'e duvel. As jy dy útjoegen krigen jy him wer. Sa'n wikseldaelder rekken jy noait kwyt. Jy krigen dus ek noait forlet fan jild, jy wienen altyd ûnderdak. Sokke frijmitselders koenen jy der altyd út. Alle jierren wienen se oan 't timmerjen oan 't hûs. Sy makken noait hwat dien. Om 'e sawn jier moest...
Twijzelerheide
Der wie in boer, dy forkocht in kou oan 'e slachter. Mar dy kou wie to djûr. De slachter hie der to folle foar bitelle. De slachter slachte de kou, mar doe sei er tsjin syn feint: "Wy matte dat jild wer ha. Sa net goedskiks dan kweaskiks." Doe gong er yn 'e nacht nei de boer ta mei syn feint. Hy hie sjitark meinaem. Mar dy boer hie hiel tafallich de jouns...
Twijzelerheide
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Stammerige Harm wie sa'n frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hy hat syn âld wiif ôfgryslike min bihandele. Werke die er net, mar hy socht hynstestront op. Hy hie altyd wol jild om hannen. Wie de ponge leech, dan hong er him op en even leter hied er wer in folle pong. Dy't ienkear...
Twijzelerheide
Frijmitselers binne kûgelfrij. Hja forflokke alles, as hja frijmitselers wurde. Hja forkeapje harsels oan 'e duvel.
Trochdat se in wikseldaelder ha, ha se noait gebrek oan jild.
Hja hingje de lege ponge op, dy't de duvel wer fol makket.
Us mem har heit fortelde, hy hie mei trije soldaten ûnder tsjinst west. De iene fan dy trije soldaten hie altyd wol sinten. Doe fregen se him ris hoe't dat siet. Doe sei er: "Jimme kinne krektlike goed sinten krije. Ik bin frijmitselder," sei er, "en dy't dat ek wurde wol mat mar mei my gean." De iene fan dy soldaten wie syn kammeraet en dy sei: "Ik wol...
Twijzelerheide
Der lei in boatsje omkeard op 'e kop yn 'e berm fan 'e Boppewei. Dêr sieten twa man ûnder. Doe kaem de dûmny der oan. Dy stapte troch. Doe kamen dy beide mannen ûnder 't boatsje wei. Sy kamen him op side. Doe seinen se: "Jouw geld of jouw leven!" Dûmny joech har de sinten dy't er yn 'e bûs hie. "Segen mei 't jild", sei er. Sy lieten de dûmny fierder gean...
Twijzelerheide
Yn 'e Broek wennen in man en in frou mei bern. Ien fan dy berntsjes wie ûngelokkich. De frou forstoar en de man bleau mei de berntsjes achter. Sy hienen in folkstúntsje. Dat hierden se. Dat moesten dy berntsjes ûnderhâlde. As dy berntsjes dêr oan 't wurk wienen, seagen se har mem. Dat gebeurde sa nou en dan. Sy fortelden it thús, mar har heit woe 't earst...
