Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in dûmny, dy hie in grouwe baerch yn 'e skoarstien hingjen. Achter de pasterije stie in âld hûs, dêr wenne in greate húshâlding yn. 't Wie dêr earmoede en de bern gongen faek mei honger op bêd. Doe ûnthelle op in nacht de heit fan dy bern dûmny dy bêste baerch. Dûmny hie wol formoedens hwa't it dien hie, mar hy koe neat biwize. Hy frege it âldste...
Der wie in earm mantsje, dy fong in papegaei, dy't útnaeid wie. Doe sei dy papegaei: "Ik gaf wel honderd gulden als ik mijn baas maar weer had." Doe't dat mantsje dat hearde, tocht er: "Dan bring ik him gau toplak." Hwant hy wist wol fan hwa't de papegaei wie. De baes wie bliid dat er de papegaei wer hie. "Hwat bileanning matte jo ha?" sei er. Doe sei dat...
Drachten
Op in kear stie Thyl op 'e merke mei in tintsje. Dêr hied er in hynder achterstofoaren yn set mei de sturt boven de krêbbe. En doe rôp er: Een peerd, een peerd, een wonderpeerd! Waar zijn kop moet zitten, zit zijn steert! Dêr kommen allegear minsken op tasetten, dy woenen dat sjen, en Thyl barde in soad jild yn. Mar de minsken kommen bedrogen út. Thyl sei...
In man en in frou, dy wennen yn in soarte fan hutte yn 'e wâl. Se hienen it och sa earmoedich. De man mocht graech fiskje. Hy sei tsjin 't wiif: "Ik gean der mei de angel op út." "Och, hwat silstû to fiskjen dwaen", sei se. "As ik hwat fang, dan nim ik it mei," sei er, "men kin noait ris wite." Hy fangt in fisk, en dy docht er fan 'e heak. "Sjesa," seit...
Frijmitselders ha altyd wol sinten om hannen. Dy ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e safolle jier mat der ien fordwine. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil.
In wikseldaelder kriget men fan 'e duvel. It is in jildstuk dat altyd wer by de eigner weromkomt.
Drachten
It wie yn 'e oarloch en doe wie der in man dat wie in hertstochtelike roker. Op in kear kaem dy man thús sjongendewei mei in wûnderbêst sin. De frou sei: "Hwat hastû in bêst sin." "Ja," sei er, "gjin wûnder. Ik haw in tabaksbontsje op 'e kop tikke. Toe," sei er, "gean dû dêr fuort even mei nei de winkel ta en helje my in pakje tabak op. Hjir hast ek...
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
Ulespegel siet ek us yn 'e hûs en raesde hyltyd mar: Honger! Honger! Doe kaem dêr ien foarby, dy hearde dat. Hy gong der yn en sei: "Hastû honger?"
Ja, sei Ulespegel. Doe joech dy man him sinten, dêr koed er iten foar keapje.
Mar Ulespegel sei: "Als ik het halen wil. Dáár ligt mijn brood", en hy wiisde op it brea yn 'e spine.
Jan van Houten hie in krudenierswinkel yn Grinzer Pein. Van der Molen (de heit fan Hiltsje Veenhuizen van der Molen) skreau by him op 'e doar:
Jan Van Houten
met zijn magere bouten
is nu dik en vet,
maar dat heeft hij d' arme mensen afgezet.
Der wie in boer, dy hie sinten liend fan 'e pastoar. De pastoar kom by him en sei: "Ik wol myn jild wol ris ha." "Ja," sei de boer, "'t is my bot yn 'e wei; ik wol graech lyk wêze, mar ik ha de sinten op it stuit net." "Ik kin se oars wòl brûke", sei de pastoar. "Ja, dat wol 'k graech leauwe", sei de boer. "Mar wit jo hwat? Ik haw in idé. Ik kin jo moarn...
Der kom us in ynbrekker by in frou allinne yn 'e hûs. Har man wie krekt fuort. De ynbrekker sei tsjin har: "Dyn jild of dyn leven." De frou sei: "Kom mar yn 'e keamer. Wy ha net folle jild, mar hwat der is, kinst krije." "Goed", sei de rover. "Gean dêr mar sitten," sei de frou, "hwant ik bin wend, de minsken dy't ynbrekke, krije earst twa buorrels." De...
Drachten
It gebeurde op in kear dat der rovers ynbrieken by in man en in frou sûnder bern. Mar dy rovers wienen mis. Sy brieken by in earme arbeider yn, mar sy moesten dêrnjonken wêze, dêr't it jild siet. Sy hienen har yn 't hûs forsind. De man en de frou leinen njonken elkoar op bêd. "Och heden," sei de frou tsjin 'e man, "hjir binne guon by ús yn 'e hûs. It...
Der wie in landhear, die sloech mei de boer syn frou om. Dat wist de feint. Op in kear sei er tsjin 'e boer: "Boer, nou wol ik hjir wòl bliuwe, mar ûnder ien bitingst." "En dat is?" frege de boer. "Dat ik ienkear yn 't jier boer wêze mei en jo de feint." "Dêr sil 't net om oer gean", sei de boer. "Ik wol sels wite op hokker dei", sei de feint. "Ofpraet",...
Der wie in pastoar, dy hie in stik lân achter 'e pasterije lizzen. Dat stik lân paste in boer tige bêst, omdat syn buorkerij flak njonken de pasterije stie. Mar dat stik lân woarde altyd publyk forhierd. De boer woe 't wol fan him keapje, mar de pastoar frege tûzen goune en de boer woe net mear jaen as achthûndert. De pastoar sei: "Wy ha twahûndert goune...
Dêr't in forburgen skat yn 'e groun sit, dêr brânt jouns in ljochtsje. Op dy manier kin men dy skat fine.
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...
Der wienen us in pear mannen oan 't slatten. Doe hearden se sjongen. Dêr wienen twa froulju oanfarren kom yn in boatsje. Prachtich-moai hienen dy song. Doe't se by de wâl wienen, forburgen se har boatsje yn 'e reiden en sy gongen fierder, al mar sjongende. Mar de mannen hellen gau it boatsje dêr wei en brochten it op in oar plak. Doe't de twa froulju...
't Wie merke yn Ljouwert, Imke wie der ek. Hy hie slim forlet fan in pear skuon, dat hy gong by in skuonkream stean. Hy biseach de skuon ris goed, doe tocht er by himsels: D_ skuon, dy passe my wol. Mar hy hie gjin jild. Doe't er in skoftsje nei de skuon sjoen hie, pakte hy se ynienen. Hy hie ûnder elke earm ien en sa naeide er hurd út, wylst er al mar...
Imke de Jong wie arbeider by in boer, net sa fier fan Ljouwert ôf. Moarns moest er altyd it fé ophelje as der molken wurde moest. Imke koe ôfgryslike hurd rinne. Op in moarn, doe moest er it fé wer ophelje. Hy gong der ier en bitiid ôf, doe treau er hwat ûnder syn jas op 'e rêch, dat it like krekt as hied er in buchel. Doe helle er gau ien fan 'e kij út...
